Boekresinsje: ‘Dat is moai Frysk!’ troch Corrie Kamminga
Dat is moai Frysk! is in alleraardichst boekje oer, fansels, it Frysk. Oan ’e hân fan 8 tema’s wurdst meinaam yn de wrâld fan it Frysk. Sa fynst ferhaaltsjes mei útlis wêrom’t krekt dy spesifike wurden brûkt wurde, lêst blokjes mei útlis oer wurden dy’t in soad opinoar lykje of learst dat Nederlânske wurden dy’t we faak brûke dochs net Frysk binne. It wurd ‘leuk’ is bygelyks sa’n wurd. Aardich om te witten, no? Tink no net dat it boekje dy mei it opstutsen fingerke terjochte stiet te wizen, just net.
Ik moast ûnder it lêzen faak gnize om de grapkes dy’t deryn steane, sawol yn tekst as byld. It lêst luchtich fuort en wit dy gauris te ferrassen mei nijsgjirrige feitsjes, wurdspultsjes en sykplaten dy’t noch hielendal net sa maklik binne. Dus ek ast wat útdaging sikest, is dit boekje in oanrieder. Mei dit boekje by de hân kinst in moaie ferdjippingsslach meitsje yn it deistich gebrûk fan it Frysk. Mar ek ast al wat betûfter bist yn it Frysk is it in moai neislachwurk om sa no en dan trochhinne te blêdzjen. Wisto bygelyks dat buorkerij, pleats en spultsje allegear mei it boerelibben te krijen hawwe, mar dat se trije ferskillende betsjuttingen hawwe? Watfoar wurd moatst no krekt wannear brûke? Mar gau it boekje lêze, soe ik sizze!
De yllustraasjes meitsje fan it boekje in fleurich gehiel. Se binne tige aardich (dus net ‘leuk’) om nei te sjen en sitte fol mei grapkes. Kinst dy ek skoften fermeitsje mei de sykplaten, want sjochst hieltyd wer nije oanknopingspunten om siswizen, bistenammen of sels skelwurden te rieden. Komst der echt net út, dan steane efter yn it boekje de antwurden. Al mei al in tige nijsgjirrich boekje foar in soad lêzers. Fansels foar ast wat mear fan it Frysk witte wolst of moaier Frysk prate wolst. Maar ek de echte taalleafhawwer sil niget hawwe oan dit lytse, mar ynformative boekje. Neat gjin dreech gedoch, mar in moaie miks tusken gnizen, ferwûndering en ek bewûndering foar ús moaie Fryske taal!

Altyd al benijd west nei hoe’t it no krekt sit mei it Frysk? Twivelest oft eat no Frysk of Nederlânsk is, of bist benijd oft earne ek in moaier wurd foar is?
It boekje Dat is moai Frysk! lit dy sjen wat it Frysk eigen makket. Tink oan dingen dy’t oars binne as yn it Nederlânsk, flaters dy’t in soad makke wurde en fansels in hiel soad moaie, typysk Fryske wurden en siswizen. In ferdjipping foar dyn taal, gewoan omdatst it nijsgjirrich fynst of omdatst moaier Frysk leare wolst. Mei hjir en dêr in grapke, want it moat benammen aardich wêze!
Boekresinsje ‘Sipke ziet sterretjes – Sipke sjocht stjerkes’ troch Marrit Tjalma
Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…