
Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!
Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?
Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!
By de heit&mem Foarlêsklup krigest sa’n ien kear yn de moanne in mail mei fergees prachtige Fryske foarlêsferhalen foar ferskate leeftiden, dy’tst sels útprintsje kinst!
Ek hâlde wy dy op de hichte fan alle nije Fryske berneboeken en wurdst útnoege foar foarlêsmoarnskoften by de Afûk.
Wat foar dy? Lit dan hjir dyn mailadres achter.

Fan 1 o/m 26 sept. 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken!
Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is ‘op aventoer’. In werkenber tema foar eltsenien dy’t mei jonge bern te krijen hat!

It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek
Lústerje hjir nei de ferhalen út ‘It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’. Dit prachtige nije foarlêsboek fan Mirjam van Houten bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier. De ferhaaltsjes binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

Wa’t net foarlêst is gek
Ik hoop dat dizze kop dy it artikel ynlûkt, want gjinien wol foar gek ferklearre wurde, fansels. Gelokkich is it hiel ienfâldich om fan dit stimpel ôf te kommen, nammentlik: dyn bern elke dei foarlêze. Want oan foarlêzen kleve allinnich mar foardielen en hokker âlder wol no net it alderbêste foar harren bern?