Zoek op inhoud

Bern fan Fryslân: Jolieke

Jolieke docht no twa jier oan acrogym, earst yn har eigen doarp Damwâld en no by Turn- en Gymsport Dokkum, en mocht dit jier sels al nei it NK mei har partner Thirza. Dêr waarden se twadde. Har libben stiet foar in grut diel yn it teken fan har grutte hobby.

Wa: Jolieke Wassenaar
Skoalle: De Sprankeling yn Damwâld
Dream: it leafst puppys én letter yn in filla wenje
Lêst lêzen: Instagram
Boek: Matilda fan Roald Dahl
Film: De Turnacademie

‘Earst siet ik op turnen. In freondintsje die dat en dat like my ek wol wat. Doe gie sy op acro en sei tsjin my dat dat wol hiel leuk wie. No sitte wy noch hieltyd beide op turnen én op acro. Mei acro dochst allegear trúkjes, lykas in salto fan de skouders ôf of in hânstân op ’e hannen fan in oar. Earst fûn ik dat wol spannend, mar no eins hielendal net mear. Myn partner is ek al achttjin en sy hat har foarige partner ek noait falle litten.’ Jolieke hat dêrom alle fertrouwen yn har partner. ‘Dat moat ek wol, want sy moat my ek hieltyd yn ’e loft goaie en wer opfange! Ik wie ek hartstikke bliid dat ik mei har yn in team mocht.’

Hast elke moanne hat Jolieke wol in wedstriid. ‘Ferline jier mochten wy troch nei it NK. Ik hoopje takom jier wer, dêrfoar binne wy no wer oan it trainen. Dat doch ik trije kear yn ’e wike foar acro en dêrneist ek noch twa kear foar turnen.’

‘Mar soms is it ek wol te drok foar my en dan gean ik soms net.’ Dan hat Jolieke efkes tiid foar oare dingen, lykas op de trampoline boartsje, kleurje, tekenje, shoppe, mei freondintsjes boartsje… ‘By myn pake en beppe ha ik in hiele grutte iissalon makke, mei allegear doaskes, bakjes, hoarntsjes, leppeltsjes. Mar ik ferkeapje dêr gjin echte iisko’s hear,’ laket se, ‘gewoan fan karton.’ Dochs is sy it alderleafste gewoan mei acro dwaande. ‘Ik oefenje thús ek, op ’e bank of op ’e trampoline. Ik wol altyd wol acro dwaan!’

Oft sy ek nei in EK kin? ‘Dan moat se by in profsportklup sitte’, fertelt mem. ‘Dêr wie ik wol foar útnûge, mar dat mocht noch net fan heit en mem’, seit Jolieke. ‘Ik bin ek noch in bytsje jong om dêrhinne te gean.’ Op it NK stean bliuwt har grutte dream. ‘En in protte wille ha.’


Tekst: Wytske Bouma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

‘Fryske sporten binne geweldich!’

Keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen binne echte Fryske sporten. En wat tochtsto fan Frysk damjen, reedriden of hynsteriden? Anouk, Bente, Tirza, Annika, Jurgen en Jelmer kinne it witte. ‘Fryske sporten binne geweldich!’

Benthe is sljocht op wetterpolo

Benthe Groendijk (13)
♥1e klas fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé
♥dream: kampioen wetterpoloster
♥lêst lêzen: what’s app 
♥boek: 28 dagen, David Safier
♥film: the Hunger Games 

Ons gezin is topsport

Ast it hânskrift fan dyn bern net lêze kinst

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine