Doe ik it berjocht krige oft ik it boek ‘FC Nostalgia’ foar de Afûk lêze woe om der in resinsje oer te skriuwen, waard ik fuortendaliks entûsjast.
Ik bin in bern fan de Greidhoeke, it stik Fryslân dêr’t it boek him yn ôfspilet, dêr’t de gedichten oer gean en de herkenbere foto’s ea makke binne.
Guon stikken pakten my by de strôte, oaren setten my oan it tinken of diene my neat. It is in ferskaat oan bylden dy’t yn wurden fongen binne.
Oer in rauwe en moaie jeugd yn it lytse doarp Littens, oer keatsen en dat dat mear is as allinnich sport.
Je priuwe as lêzer dat it it eigen byld is fan Toering, it binne syn harsenspinsels, syn ûnderfiningen, syn emoasjes. Dat makket it yntym, as sitte je yn it deiboek fan in oar te sneupen.
As lêzer kin ik net alles begripe, mar al in soad ferhalen herkenne. Ik sjoch de jeugd fan myn âlders deryn, it buorkjen fan pake en beppe, de kultuer yn it doarp, de ferhalen oer de middenstân fan eartiids.
Dochs mis ik nei myn idee soms de kontekst, it komplete ferhaal. Mooglik troch de tiidgeast, Toering en ik skele dik fjirtich jier, mar miskien past dat ek wol by de toanielman Romke Toering. Elk hellet wat oars út de wurden, makket oare bylden, hat oare oantinkens.
FC Nostalgia is in boek dat je lêze wolle as je it doarp Littens fan eartiids kinne, as je opgroeid binne yn de jierren 50 of 60 of as je de Greidhoeke nóch better begripe wolle.
In boek, passend op in wiete snein mei in lp draaiend op de eftergrûn, de geitewollensokken oan en de tinzen werom yn eartiids.
Pytrik Kooistra-de Groot
It boek ‘FC Nostaglia’ is foar € 24,50 hjir online te bestellen.
-> Pytrik is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.