Fjouwer generaasjes: Elk een ander karakter
‘Ik ha ús opjûn foar dizze rubryk, want fjouwer generaasjes is eins bêst bysûnder’, seit Sanne Wytske oan de keukentafel yn Spannum.
Bertha Bootsma-Kardol (72)
Henderina Bootsma (52)
Sanne Wytske Gerritsma (25)
Benthe (3) en Ferre (2) Landheer
‘Ik ha ús opjûn foar dizze rubryk, want fjouwer generaasjes is eins bêst bysûnder’, seit Sanne Wytske oan de keukentafel yn Spannum. Sanne Wytske wie kreamfersoarchster, mar is no gastâlder fan seis bern. Har mem Henderina hat har oppasdei en past hjoed op Benthe en Ferre. Henderina har mem Bertha is op ’e fyts kommen. Sy is mem, beppe en ‘âlde beppe’.
‘Wij hebben elk een heel ander karakter,’ seit Bertha, ‘maar de krullen hebben we allemaal.’ Henderina follet oan: ‘Us mem sil altyd de frede bewarje. Yn tsjinstelling ta ús dochter Sanne Wytske, dy is pittich! Dy batst deryn as se it ergens net mei iens is. Sels sit ik der wat tuskenyn. As it my de muoite wurdich is, dan lit ik my hearre, mar oars sykje ik de konfrontaasje net op.’ Sanne Wytske laket, en werkent wol wat har mem seit. ‘Ik ha hjir noch sa’n ûndogensk famke omspringen. Dêr sit ek in fonkje yn; sy fynt fan alles út en wol graach oandacht hawwe. Dy lit har net oan de kant skowe.’
Sanne Wytske: ‘Op skoalle kaam ik al in soad by pake en beppe oer de flier. De doar stie altyd iepen. Pake is der no net mear, mar ik koe geweldich mei him opsjitte. Hy wie it type ‘in man in man, in wurd in wurd.’ No sjogge se inoar as famylje noch altyd regelmjittich. ‘Mei de jierdeis, heitedei en memmedei komme wy altyd byinoar, dat fine wy gesellich. En om beppe har jierdei hinne ite wy altyd mei syn allen’, fertelt Sanne Wytske. Bertha is hiel tankber en bliid dat it sa goed giet mei har bern, bernsbern en oerbeppesizzers en foaral dat der gjin rûzjes yn de famylje binne. ‘Ik had nog nooit een baby vastgehouden. Henderina was mijn eerste kindje en het is allemaal goed gekomen’, seit se emosjonearre, ‘met elk heb ik een goed kontakt.’ Henderina is op har beurt bliid dat it goed kommen is mei har bern. ‘It wie in drege tiid neidat ik skieden wie en de opfieding foar in grut part op my delkaam, mar ús bân is goed’, seit se grutsk en bliid.
‘We hâlde allegear fan oprjochtens, earlikheid en dúdlikheid. Dêr binne wy allegear fûl op’, sizze de froulju as ik freegje nei it famyljegeheim fan safolle ferbûnens. ‘Mar de grutste binende faktor is dat wy elkenien yn syn wearde litte.’
Troch Ciska Noordmans
Foto: Hippe kiek Fotografie
Fryske kaarten
Heit&Mem hat in protte moaie Fryske kaarten yn de kolleksje.