Femmigje (43), Bjarke (49), Matheo (14) en Daniel (7) Andersen-Sijtsma wenje yn Bodø, Noarwegen. Femmigje is opgroeid yn Hallum. Bjarke komt út Denemarken en Matheo en Daniel binne berne yn Súd-Afrika.
Hoe bisto yn Noarwegen bedarre?
Femmigje: ‘Yn de musical fan groep 8 songen wy: “Hallum, o Hallum, moai plakje op de klaai. Hallum, o Hallum, ik gean hjir nea wer wei.” Ik tink dat ik doe al tocht: “Neffens my is der wol mear yn de wrâld te keap.” Yn myn middelbere skoaltiid wienen der wol gauris Skandinavyske bernefilms op telefyzje. Ik wie hielendal ferkocht. Wat klonken dy talen prachtich en wat soe ik dy ek stomme graach prate wolle! Nei it gymnasium begûn ik dêrom Noarsk te studearjen yn Grins. Al yn ien fan myn earste wiken yn Noarwegen learde ik Bjarke, in leuke Deenske studint, kennen, dy’t dêr ek foar in jier op útwikseling wie. Dat joech in nije útdaging, want hy prate konsekwint Deensk tsjin my. Krekt as Belgen en Nederlanners kinne ek Noaren, Denen en Sweden inoar mei in bytsje ynspanning bêst ferstean, ek al praat elk syn eigen memmetaal. Mar foar my wie Deensk fansels wol nij. Ik wit noch dat ik soms tsjin him sei: “Ik ferstean wer ris gjin klap fan watsto dêr seist, mar ik gean pas nei hûs as ik it begryp.” Sadwaande brochten we in soad tiid mei-inoar troch. En de taal fan de leafde ferstiet elkenien.
Hoe is jim libben dêr?
Nei ús jier yn Noarwegen is Bjarke meikaam nei Nederlân. Hy hat doe yn koarte tiid Nederlânsk leard en ek noch in kursus Frysk by de Afûk dien. Doe’t ik myn stúdzje ôf hie, woenen wy hiel graach werom nei Noarwegen. Bjarke krige in baan oanbean yn de stêd Bodø, in moai stik boppe de poalsirkel. Dêr wenje we al hast 20 jier mei in protte nocht.
De tiid fan novimber oant febrewaris is hjir in tsjustere bedoeling. Yn maaie falt de lêste snie en yn oktober kinne wy de langlaufskys faak alwer tefoarskyn helje, mar dêr stean dan de prachtige lange ljochte simmernachten tsjinoer. Yn guon opsichten bin ik noch hiel Frysk: ik fyts it hiele jier nei myn wurk, winterdeis op spikerbannen. Dêr ha de measte minsken hjir wol respekt foar.
Hokker taal/talen prate jimme thús?
Ik praat Frysk mei de bern en Bjarke praat Deensk mei de bern. Bjarke en ik prate Noarsk en Deensk mei-inoar en de bern prate ûnderling Noarsk. It Afrikaansk dat Matheo en Daniel harren earste libbensjier fral hearden, binne se fergetten.
Wy lêze Daniel alle jûnen út in Frysk en in Deensk boek foar. Op it stuit lêze we De Goargels fan Jochem Myjer, in echte oanrieder. Ek Matheo hawwe wy doe’t er lytser wie in protte foarlêzen.
Yn Noarwegen wurdt hiel oars tsjin dialekten oansjoen as yn Nederlân. Hjir is elkenien grutsk op syn dialekt. Sels al ferhuzet in Noar nei de oare kant fan it lân, hy bliuwt syn eigen dialekt praten. Op it sjoernaal praat elke reporter en elke persoan dy’t ynterviewd wurdt, syn eigen dialekt. Sa kinne der yn ien útstjoering samar 30 dialekten foarbykomme. En der wurdt neat ûndertitele.
Hoe belangryk binne Fryslân en de Fryske taal foar dy?
Frysk is de taal fan myn hert. Ik ha der dêrom foar keazen om de bern yn it Frysk grut te bringen. Sa kinne se ek sûnder muoite mei pake, beppe en de rest fan de Fryske famylje kommunisearje. As ik simmers yn it âlde heitelân op fakânsje bin, soargje ik altiten dat ik nei in Frysk iepenloftspul kin. Magysk fyn ik dat. Toaniel, yn de iepen loft en dan yn de taal fan myn hert.’
Skriuwer: Hieke Rienstra

Amarens Matthiesen: In Fries om utens
Ik bin yn Kanada berne, grutbrocht yn België en ha yn Skotlân en Kanada studearre. No wenje ik yn Kanada en doch ik promoasjeûndersyk op psychososjaal flak, oer hoe’t bern it ûnderfine om keuzes te meitsjen yn har eigen soarch yn bernesikehuzen.

In Fries om utens: Karla van der Ploeg Habel
Namme: Karla van der Ploeg Habel
Wennet yn: Ulm, Montana, USA
Mei: Cody, Edward (5 jier) en Elaina (3 jier) Habel