Zoek op inhoud

Magazines

Heit & Mem

2022 #2

De Luisterkind Methode - Luister naar je hart

Baukje Postma uit Harich voert een gesprek op afstand en luistert van hart tot hart, als je ervoor openstaat. Antwoorden op dieperliggende vragen zijn er niet alleen voor kinderen en hun opvoeders, maar ook voor volwassenen, het ongeboren of het pasgeboren kind. Luisterkind: het hart spreekt immers in elke taal, en spreekt altijd de waarheid.

'Gebaretaal makket de wurdskat grutter, ék yn it Frysk!'

Gebaretaal is net allinnich foar minsken dy’t dôf binne. It kin ek hiel goed brûkt wurde by babys en jonge bern dy’t noch net (goed) prate.

Twa kear op adopsjereis nei Sina

It wie in grutte dream fan Marije en Irolt Dijkstra om heit en mem te wurden. Mar dat soks op in natuerlike wize bart, is lang net foar elkenien fanselssprekkend. Doe’t it stel út Easterbierrum nei twa IVF-behannelingen mei lege hannen stie, begûn de gedachte oan adopsje te groeien. ‘Yn 2015 en 2017 ha wy in reis nei Sina makke om ús soantsjes Finn (8) en Kian (6) yn ’e earms te sluten.’

Fuort mei de sobber!

Ik stean op ’t skoalplein te praten mei ien fan de memmen. Har dochterke Aafke fan hast fjouwer jier hat in sobber yn ’e mûle. ‘Do bist dochs logopedist?’ freget mem. ‘Kinst ek wat tips jaan? Oare minsken fersteane ús Aafke hast net en se slist ek.’

Sa prate wy thús: Pyt en Mariann

Pyt (65) en Mariann (45) Kloosterman wenje mei harren dochter Csenge (3) yn Drachten. Heit Pyt praat Frysk mei Csenge en anya (mem) Mariann brûkt har memmetaal Hongaarsk mei Csenge. Underling prate Pyt en Mariann Nederlânsk.

De bernekeamer fan Noor

Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.

Ferneamd: Jille

Jille Bremer: "Ik bin ferneamd nei myn pake Jille Bremer. Doe't ik in lyts jonkje wie, wie der hast gjinien mei de namme Jille. It wiene allegear Jelles of Jilts, mar gjinien hjitte Jille. Ik fyn it sels in moaie namme en stikem hope ik fansels dat ik ferneamd wurde soe. Mar dat der mar leafst trije Jilles by komme soenen as pakesizzer hie 'k net tinke doard.

Us húshâlding

Je ziet het tegenwoordig niet zo vaak meer. Gezinnen met maar liefst negen kinderen. Toch werd voor Harmke Wiersma-Groen (43) uit Raard een droom werkelijkheid. ‘It wie altyd al myn winsk om mem te wurden fan in grutte húshâlding. Ik fyn it fantastysk dat dat my gund is.’

'Myn bern wol net ite, wat moat ik no?'

As wy jûns binnen sjen koenen by alle húshâldingen yn Fryslân, dan seagen wy grif oan in oantal itenstafels in net sa gesellich tafriel. Bern en iten, wat kin it soms dreech wêze! Sjochsto der ek tsjinoan, jûn wer striid oan tafel? Dan hast miskien wat oan ’e tips fan Hilly Posthumus, sy is orthomoleculair (kinder)voedingscoach.