
Leuke weetjes over Friese voornamen
Hoe siet it ek al wer mei it ferneamen? En hoe komme je efter de betsjutting fan in foarnamme? En hokker foarnammen binne eins populêr yn Fryslân? Wy fertelle it dy!
Ferneame
Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden.
Dêr wienen bepaalde regels foar:
1e jonkje: pake oan heitekant
2e jonkje: pake oan memmekant
3e jonkje: heit syn âldste broer
4e jonkje: mem har âldste broer
1e famke: beppe oan memmekant
2e famke: beppe oan heitekant
3e famke: mem har âldste suster
4e famke: heit syn âldste suster
Populaire Friese voornamen
Populaire jongensnamen in Fryslân zijn momenteel: Hidde, Jurre, Jens, Lucas, Noud, Jelte, Mats, Daan, Luca en Sem.
Populaire meisjesnamen in Fryslân zijn: Lieke, Maud, Fenna, Yara, Sophie, Mare, Elin, Lotte, Silke en Emma.
Silke
Silke is in namme dy’t fan 2000 oant 2014 in hiele protte jûn waard. Sa’n 150 kear jiers. No wurdt de namme noch sa’n 60 kear jiers jûn yn hiel Nederlân. Silke komt fan Sika, dat ‘sege’ of ‘oerwinning’ betsjut.
Wisto dat:
• in protte Fryske foarnammen op in ‘e’ einigje?
• de measte Fryske foarnammen koart binne? Se hatrochgeans ien of twa lettergrepen.
• in hiel soad Fryske jongesnammen mei de letter J begjinne?

Meisto dyn bern deselde namme jaan?
Ja, do meist dyn bern gewoan deselde namme jaan as in earder berne bern. Foaral yn it ferline waard de namme fan in poppe dy’t al ferstoarn wie, trochjûn oan it folgjende bern. Ek no kieze guon minsken der wolris foar om bern deselde namme te jaan. Sa hat prins Carlos, in neef fan kening Willem-Alexander, syn beide soannen Carlos neamd. Wol is de ropnamme fan syn earste soan Hugo.
Wisto datst
op Fryske foarnammen – heit&mem ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?
Tekst: Dieuwke van der Meer

Fan wa bisto ien?
Iuwenlang krigen berntsjes in foarnamme oan ’e hân fan de famyljestambeam. Ek al gebeurt dat tsjintwurdich folle minder, dochs kieze âlden noch altyd foar Fryske foarnammen. En sûnt dit jier meist dyn bern twa achternammen jaan.