Zoek op inhoud

Keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen binne echte Fryske sporten. En wat tochtsto fan Frysk damjen, reedriden of hynsteriden? Anouk, Bente, Tirza, Annika, Jurgen en Jelmer kinne it witte. ‘Fryske sporten binne geweldich!’

Hynstesporthynsterriden

Anouk Ydema (9) út Sonnegea is gék op ponnyriden. It leafste makket se mei har fersoarchponny Donna lange bûtenritten, mar ek dressuer en sels springen is se goed yn.

Anouk komt mei har mem oanriden yn in wyt frachtweintsje. Dêr sit ponny Donna yn. Wylst mem de ponny fêsthâldt, sadelet Anouk har op. It haadstel, it dekje, sels de stiichbûgels: alles is rôs. ‘Dat komt,’ leit Anouk út, ‘Donna is een meisje. Mijn zusje heeft ook een pony en die heeft alles in het blauw, want die pony is een ruin.’

Anouk begûn mei ponnyriden doe’t se seis jier wie. Mar doe’t se as baby yn de bûk fan har mem siet, hynsteried har mem ek al. ‘Ik rijd dus mijn hele leven al pony’, glimket se.

Keatsen©foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen foto dd 13-07-2015 Bente van Dam doet aan Kaatsen Heit en Mem Afuk     .

Elke tongersdeitejûn is Bente van Dam (10) út Ljouwert op it keatsfjild te finen. As der in baltsje heech troch de loft fljocht, is de kâns grut dat dat fan Bente komt. ‘Uitslaan kan ik het beste.’

Al trije jier keatst Bente by keatsferiening Sonnenborgh yn Ljouwert. Dat begûn doe’t freontsjes en freondintsjes fan har basisskoalle op keatsen gongen. Bente har pake keatste eartiids ek, mar famylje dy’t bûten Fryslân wennet, hie noch nea fan dizze sport heard. ‘Ik moest aan mijn nichtje uitleggen hoe het werkt’, laket Bente.

Yntusken hat ek har heit de smaak te pakken. ‘Samen met mijn vader heb ik meegedaan aan de kind-ouderpartij en we werden zelfs tweede. Ik vond dat mijn vader het goed deed voor de eerste keer.’

Fierljeppenfierljeppen

Yn opperste konsintraasje klimt Tirza Boschma (12) út Drylts nei it topke fan de fierljepstok en hipt dan mei in sierlike sprong yn it sânbêd. ‘Fierljeppen is it moaiste dat der is’, laket se.

Tirza wie 8 jier âld doe’t se foar it earst yn de polsstôk klom. Twa jier letter waard se Nederlânsk en Frysk kampioen. Yntusken stiet har persoanlik rekord op mar leafst 12,09 meter.

‘It moaiste fyn ik om sa heech mooglik yn de pols te klimmen en dan te besykjen om sa fier mooglik te springen. Dat jout echt in kick.’ Fansels plûmpt Tirza ek wolris yn it wetter, mar sa’n ‘nat pak’ fynt se hielendal net slim. ‘Dat drûget wol wer!’

Reedriden en skeelerjen©foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen foto dd 13-07-2015 Skeeleren,schaatsen, Annika van Zelm Heit en Mem Afuk     .

Yn de winter fanatyk reedride en yn de simmer lekker skeelerje. Annika van Zelm (12) út Wommels is bearefanatyk en goed yn beide sporten. ‘Se passe ek prima byinoar, dat makket it sa moai!’ 

Doe’t Annika as famke fan 5 jier foar it earst in pear skeelers krige, streke se fuortendaliks fuort. En sa gong dat ek mei it reedriden. ‘Ik fyn beide sporten like leuk’,  glimket se.

Yn de winter is Annika op redens te finen yn Thialf en yn de simmer traint se op de skeelerbaan fan sportkompleks Schuttersveld yn Snits. ‘As it skeelerseizoen ôfrint, dan ha ik sin om te reedriden. En as it reedrydseizoen hast foarby is, dan ha ik wer nocht om lekker bûten te skeelerjen. De perfekte kombinaasje.’

©foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen foto dd 09-07-2015 Blauhuis Jurgen Popma doet aan Fries Dammen. Afuk Heit en Mem     .Frysk damjen

Frysk damjen in saaie sport? ‘Hielendal net’, fynt Jurgen Popma (10) fan Blauhús. ‘It is just in hiel spannende sport, dêr’tst goed by neitinke moatst.’

Sûnt twa jier sit Jurgen op Frysk damjen by damklup De Skyfkes yn Blauhús. Mar ek thús mei Jurgen it damjen graach oefenje tsjin syn heit of freondintsje Marije. ‘Marije is ek best wol goed, se wint ek wolris fan my’, jout er ta.

Ek Jurgen kin der wat fan. Op de keukenstafel stiet in hiel âlde, grutte wikselbeker. ‘Dy ha ik wûn by de Fryske kampioenskippen’, fertelt er grutsk. ‘Yn de finale moast ik damje tsjin in jonge út Lollum. Dat wie hiel spannend, mar gelokkich koe ik him ferslaan.’

Skûtsjesilenskutsjesilen

Jelmer de Groot (10) út Starum hat mar ien winsk: sels ek skûtsjesiler wurde op de “Súdwesthoek”. Net sa frjemd, want Jelmer komt út in echte skûtsjefamylje.

Jelmer syn heit Jan is fokkenist op it skûtsje fan Starum, syn omke Auke is de skipper en syn neef Meindert is ranjajonge by de roef. Jelmer kin net wachtsje om sels ek te farren. Oant dy tiid folget er de skûtsjewedstriden op it grutte folchskip.

‘It moaiste fan it skûtsjesilen fyn ik de gesellichheid sa meielkoar’, fertelt Jelmer. ‘Der is fansels striid tusken de skûtsjes op it wetter, mar op ’e wâl kin elkenien goed meielkoar. En der binne in hiel soad bern by, dat makket it sa leuk.’

Sjoch op de webside www.fryskesportyndynklasse.frl foar mear ynformaasje.

Troch: Nynke van der Zee en Idske Bangma

Ut: heit&mem nr. 2 2015