Dit boek giet oer de ferhalen fan de Baron von Münchhausen; it iene noch wûnderliker as it oare!
De baron hat yn syn tiid hiel wat belibbe en dêr mei hy graach oer fertelle. Mar at alles wol hielendal is sa at er seit…?
It boek is geskikt foar bern fan 6 oant 10 jier; dêrmei hingje ús jonges wol oan de ûnderkant fan ’e doelgroep. Mar in lytse yntroduksje mei de meidieling dat de baron hjir en dêr miskien ek wolris wat swetse koe, makke de jonges hiel nijsgjirrich!
It kleurrike kaft nûget út; hja kinne al in bytsje sjen wat der allegearre yn ’e holle fan ’e baron omspûket. Alle haadstikken beslagge in dûbelde side; de iene kear mei in grutte en kleurrike yllustraasje, de oare kear mei in prachtige swart-wyt tekening.
Yn it earste ferhaal docht bliken dat de baron sels syn ferhalen ‘fertelt’. Dy skriuwwize soarget derfoar dat de belibbing fan it boek grutter wurdt. De lêzer wurdt echt meinaam yn de aventoeren fan de baron. De iene kear jeie jo mei de baron yn ’e slide oer de besnijde flakten fan Ruslân, de oare kear stean jo foar in lestige kwestje midden yn ’e loft.
Trochdat de ferhalen net sa lang duorje, is it boek ek hiel geskikt om per haadstik te lêzen foar it sliepen gean. Fyftjin jûnen hawwe wy mei de baron op aventoer west en nei elk ferhaal wiene de jonges enoarm entûsjast. Want ja, dit soe wol wer in swetsferhaal wêze, toch mem? Tegearre ha we alle jûnen ûndersocht oant wêr’t it ferhaal noch wier wêze koe en fanôf wêr’t it dochs wol hiel sterk waard.
Doe’t ik nei it lêste ferhaal ferklapte dat de baron echt bestien hat, wie dat foaral in hiele ferrassing! Soene de ferhalen dan dochs allegearre krekt sa wêze as dat de baron ferteld hat…?
Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (6) en Sipke (4)
Sljocht op boeken, (foar)lêzen en taal yn it algemien
De Bjusterbaarlike Baron is foar € 13,50 hjir online te bestellen.
-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.