📸 Oprop: Mei beppe
Beppe – sy dy’t altyd tiid hat en mei in krûpke en wat oandacht alles better makket. 💕
De bân tusken bern en harren beppe is bysûnder en fol lytse, kostbere mominten.
Foar heit&mem sykje wy moaie, echte foto’s fan bern mei harren beppe. In momint fan tegearre lêze, kuierje, boartsje, laitsje of gewoan ticht by elkoar wêze.
De ynstjoerde foto’s diele wy fia ús socials (Instagram & Facebook) en de moaiste foto’s krije in plak yn it tydskrift heit&mem.
Hast sa’n bysûnder momint fêstlein?
📩 Stjoer dyn foto yn en lit Fryslân meigenietsje fan de foto’s ‘mei beppe.’

Pake en/of Beppe?
Wurde dyn heit en mem miskien pake en beppe? Hat pake syn jierdei? Of wolst beppe gewoan in leaf kaartsje stjoere? Wy ha hjir de moaiste kadootsjes foar en oer pake’s en beppe’s foar jimme sammele.
Mei Beppe
Upload hjir de foto!
"*" geeft vereiste velden aan
Ferneamd: Lewyna
Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.
Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe
Poezen dy’t prate kinne. Mûzen dy’t kattekwea úthelje. En hûntsjes dy’t spannende aventoeren belibje. Yn de fantasywrâld fan Lauren (7) en beppe Willy van der Veen (67) kin alles. Tegearre betinke se oan de keukentafel de moaiste ferhalen en meitsje dêr harren eigen tekeningen by. Kinst der wol in boek oer skriuwe.