Zoek op inhoud

Op 18 maaie 2020 waard ús earste pake- en beppesizzer berne – lytse Fenne. Dat wie krekt yn de wike foardat de “raambesite”-regel fersoepele waard. Lykwols mochten wy wol efkes komme as de kreamfersoarchster jûns nei hûs ta wie.

 Asto as pake en beppe soks foar it earst meimeitsje meist en do komst troch de doar en sjochst dyn earste bernsbern, dan geane alle regels fan it ôfstânhâlden efkes oan ’e kant hear. 

 Sa koene wy Fenne en har heit en mem dochs fêsthâlde en in krûp jaan, want leau my mar: asto as pake en beppe soks foar it earst meimeitsje meist en do komst troch de doar en sjochst dyn earste bernsbern, dan geane alle regels fan it ôfstânhâlden efkes oan ’e kant hear. 

Lykwols ha wy grut respekt foar de kreamsoarch yn dizze krisis. Se hawwe te krijen mei allegear regeljouwing en hâld dat mar ris fol mei al dy emoasjes fan de heiten en memmen en ek nochris de pakes en beppes. 

Fenne is no al wer 8 moanne en wy sitte noch altyd yn de coronakrisis. Pake en beppe passe alle moandeis mei alle leafde op Fenne yn Akkrum. Heit is dan oan it wurk yn de bou en mem is noch altyd thús nei in hiele lange perioade fan thúswurkjen, kreamferlof en doe wer thúswurkje. Ik ha respekt foar allebeide, want regelje dat mar ris, yn in lockdown mei kreambesite, oppas, opfang en wurk. Ik jou it jo te dwaan.

Wy, as heit en mem en as nije pake en beppe, wolle har dêr safolle mooglik by helpe en stypje. Sa krije wy in hiele hechte bân mei ús bernsbern en dêr wurde pake en beppe hiel bliid fan! 

Pake Koos en Beppe Baukje Idsinga

Pake & Beppe-post: Wy koene allinnich mar op ‘rútbesite’

Ferneamd: Gerrit

‘Doe’t ik foar it earst hearde dat der in lytse Gerrit berne wie, hie ik wol in brok yn ’e kiel. Ik hie it net ferwachte. It wie wol hiel bysûnder en earfol. Ik fyn Gerrit in moaie namme.

Resinsje Stip yne brânspuitauto troch Nienke

Stip wol graach brânwacht wurde, lykas syn pake. Hy sil pake helpe mei it skjinmeitsjen fan de brânspuitauto en dan mei er sels efkes achter it stjoer fan de brânspuitauto

Lok en leed: Moniek beviel tijdens de uitvaart van haar vader

Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.