Zoek op inhoud

Ferrassing foar de famylje Brouwer

Mei in jonge fan 16 en in famke fan 14 jier âld wie harren gesin kompleet. Sa tochten Minke en Eelco. Boppedat hie Minke in stjurringssykte (stollingsziekte). Dêrtroch hie se faak bliedingen en moast se geregeld nei it sikehûs. De arts tocht dat it goed wêze soe as har memmeskurte fuorthelle waard. Op dy operaasje wie Minke har emosjoneel oan it tarieden. En doe bliek se swier te wêzen.

Minke: ‘Ik wie mei in freondinne te swimmen en ik fielde my frjemd. “Neffens my bist yn ferwachting”, sei myn freondinne. Ik woe it net leauwe, mar die dochs mar in test, en it wie sa!’
Minke belle Eelco en sei dat er fuortendaliks thúskomme moast.


Eelco: ‘Dat koe net, want ik hie in gearkomste mei kollega’s om in nije bedriuwsromte yn te wijen. Mar Minke hâlde oan, dus ik nei hûs. Se stie yn it hok op my te wachtsjen, mei de test yn ’e hân.’
‘We hienen it hûs fol bern,’ leit Minke út, ‘it wie krystfakânsje.’


‘Ik bin letter wer nei de kollega’s gien,’ seit Eelco, ‘mar mei de taspraak dy’t ik hâlde soe, waard it neat. Oars ha ik noait muoite mei soks, mar ik kaam gewoan net út myn wurden.’
Minke: ‘Jûns by it iten ha wy it de bern ferteld. Dy fûnen it geweldich.’

‘Wy binne hiel bewust dwaande mei ús gelok.’


Winsk
De ferrassing wie dus grut. Ek by de dokter.
‘Dit is wel een heel ander plan, mevrouw Brouwer’, wie syn kommentaar.
Yn plak fan in swiere operaasje kaam der ynienen in lytse poppe. Eelco en Minke wienen dêr o sa bliid mei.


Minke: ‘It fielde as in grut kado. We woenen altiten al in gruttere famylje, mar dat slagge net. Uteinlik hienen wy dy winsk dêrom mar fan ús ôfsetten. We wienen tefreden mei ús gesin en waarden ek al wat âlder. Fierder wienen der ek risiko’s. In befalling is bygelyks dreech mei myn sykte. No hawwe wy dochs noch in berntsje krigen. It fielt as is it sa bestjoerd.’


En om dit ferhaal noch wat wûnderliker te meitsjen: de freondinne (fan it swimmen) blykt sels ek noch in poppe krigen te hawwen, ek by folsleine ferrassing. Boppedat hie sy krekt as de Brouwers ek al twa grutte bern.


‘Allebeide noch in poppe op ús fjirtichste, mei twa pubers derneist,’ laket Minke, ‘dat hienen wy nea tocht! Mar wat moai dat we dit no ek diele meie!’
 
Wenne
It wie earst wol wennen. Minke fielde har beroerd en nei in befalling komt der fansels hiel wat op dy ôf. Grutte sus Emma hie net tocht dat de poppe de hiele dei mar wat yn ’e widze lizze soe. En wat moast se in protte sliepe en wat wie se lyts! Eelco moast him, op syn beurt, der efkes op ynstelle dat sa’n lytse krobbe eins noch gjin kontakt makket.


Mar no is it hielendal klear. It famke hjit Julia en neffens Eelco passet dy namme perfekt by har: ‘Sy jubelt altiten!’ Julia is in fleurige poppe en de eachappel fan it hiele gesin.
Om har ek mei oare lytse bern boartsje te litten, giet Julia no nei it bernedeiferbliuw.
De âlders fine it wichtich dat se leart te dielen en net altiten tusken de grutten sit.
‘Se hoecht mar in kik te jaan en der begjint ien foar har te draven’, seit Minke. ‘Wy wolle har net tefolle bedjerre.’


Minke en Eelco fine it ek belangryk dat Julia goed wit dat sy de heit en mem binne. It is dêrom net fanselsprekkend dat har grutte broer en suster altiten mar oppasse. Dy ha boppedat ek har eigen libben.
 
Genietsje
Se fernuverje har der wol oer hoe’t oaren nei har húshâlding sjogge. En hoe’t se kommentaar doare te jaan. Somtiden tinke minsken dat Emma en broer Alex mem en heit binne en Minke en Eelco de pake en beppe. Se sizze dat dan ek gewoan lûdop! De Brouwers laitsje der mar om.


In geweldige boppeslach is dat Minke net wer nei it sikehûs hoegde. Troch de hormonale reset binne de bliedingen net mear sa heftich. Se wol aansten sels wer oan it wurk. Dochs is se net fan plan om har wer sa drok te meitsjen as eartiids, mei de earste bern.


‘We genietsje no sa fan dizze tiid!’ seit Minke tefreden. ‘Wy binne folle mear ûntspand en hiel bewust dwaande mei ús gelok.’
 
Tekst: Janna van der Meer
Foto: Hippe Kiek fotografie

Angst voor de bevalling, het mag er zijn

Bevalangst. Tien tot vijftien procent van de zwangere vrouwen heeft er last van. En toch is het geen item in de samenleving en ook niet altijd bij de verloskundige. Annemieke Stellingwerf, werkzaam bij Verloskundigenpraktijk Wolkom, wil daar verandering in brengen en begeleidt vrouwen die bang zijn om te bevallen.

Famylje-opstellingen: It ûnsichtbere sichtber meitsje

‘Soesto de heit wêze wolle? Asto dan de oarsaak bist, dan fertsjintwurdigesto it bern.’ Elkenien nimt syn plak yn. De heit stiet fier fan it gesin ôf, de oarsaak stiet midden yn ’e romte en it bern stiet tusken de âlders yn. Dêrmei is it al begûn: de famylje-opstelling. Systemysk wurk dat it ûnsichtbere sichtber makket.

Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte

‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy is oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiedt, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch.

De meest gestelde vragen over meertalig opvoeden

Meertalig opvoeden. Hoe doe je dat? Hier de meestgestelde vragen mét antwoorden voor je op een rijtje.


 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine