Zoek op inhoud

Famylje-opstellingen: It ûnsichtbere sichtber meitsje

‘Soesto de heit wêze wolle? Asto dan de oarsaak bist, dan fertsjintwurdigesto it bern.’ Elkenien nimt syn plak yn. De heit stiet fier fan it gesin ôf, de oarsaak stiet midden yn ’e romte en it bern stiet tusken de âlders yn. Dêrmei is it al begûn: de famylje-opstelling. Systemysk wurk dat it ûnsichtbere sichtber makket.

As âlder wolsto it bêste foar dyn bern. Do bringst dyn bern grut nei dyn eigen noarmen en wearden. Grif binne der dingen dy’tsto oars dwaan wolst as dyn âlders en dêryn fynsto dyn eigen wei. Dochs binne der altyd dingen dy’t ûnbewust oerdroegen wurde op it bern. Oertsjûgingen, of net útsprutsen famyljeleed. Dêr kinsto neat oan dwaan, mar: dyn bern fielt dat wol en reagearret dêrop. It kin dus samar sa wêze dat dyn bern opstannich is, pest wurdt op skoalle, of yn ’e puberteit in ytfersteuring kriget, sûnder dat dêr in oanwiisbere reden foar is. In famylje-opstelling makket it mooglik om dat wêr’t wy mei ús mentale fermogen net by kinne, wêr’t wy gjin wurden foar fine kinne, oan it ljocht te bringen.

Spylje yn ’e romte

Energetysk terapeut Annamaria Kuipers út De Lemmer wurket al jierren mei famylje-opstellingen, en noch elke kear is se ferrast oer wat sa’n opstelling oan it ljocht bringt. ‘ Ik set de minsken wêr’t it om giet yn in romte, beweech my dêr trochhinne en stel fragen.’ Yn sa’n opstelling wurket sy mei ‘ represintanten’. Dat binne minsken dy’t immen út it gesin of bygelyks de oarsaak fan it probleem fertsjintwurdigje. Sa gau’t sy har plak ynnimme, komme se yn it enerzjyfjild fan dy famylje te stean en fiele sy presys de oarsaak fan it probleem, of de oertsjûgingen fan de persoan dy’t se fertsjintwurdigje. Sy binne om samar te sizzen in trochjoulûk. As nochter persoan soesto it miskien wol as magy bestimpelje kinne. In nijetiidsbern soe it gewoanwei ‘spylje yn ’e romte’ neame.

‘Ik wurkje mei it inerlik bern en elk bern hat berte-, libbens- en besteansrjocht. As der wat yn de famylje of yn ’e generaasjes foar him bard is, dan kin dat barren it bern yn dizze tiid noch altyd pleagje. Wy hawwe dat fan ús ôf te goaien. Wy hawwe it inerlike bern yn ús te hieljen’, seit Annamaria. ‘ Wy dogge dat net allinne foar ússels, mar ek foar ús bern en foar de generaasjes dy’t noch komme sille. Dêrtroch krije sy de romte om yn frijheid, fol leafde en posityf te libjen yn de nije tiid wêryn’t sy berne wurde.’

Emoasjes

Annamaria wurket ek wol mei âlders dy’t harren bern opstelle litte om’t hy of sy ûnferklearbere problemen hat. Mei hokker fragen komme âlders eins by in famylje-opsteller? Dat kinne allegear tema’s wêze: in lyts bytsje selsfertrouwen, lilkens, fertriet, iensumens, him of har skuldich fiele mar gjin idee hawwe wêrom. Stik foar stik goede redenen om in opstelling te dwaan. It kinne ek lichemsklachten wêze wêrom’t minsken in opstelling dwaan litte. ‘ In mem kaam by my mei it ferhaal dat har soan fan alve jier syn ûntlêsting net ophâlde koe.’

As wy dy patroanen net trochbrekke, kommme se hieltyd wer werom.

Yn de opstelling stiet de heit fier bûten it gesin, mei syn rêch nei de gesinsleden ta. It jonkje seit: ‘Ik sjoch myn heit net.’ Syn suske stimt dat mei. Syn mem begrypt neat fan ’e situaasje. Annamaria freget op in bepaald momint oft it jonkje wolris pest is. Hy knikt. Dan giet se nei de heit: ‘ Bisto as bern ek pest?’ De heit draait him om en seit: ‘ Ja, dat bin ik.’ De soan fielt him ynienen sjoen. Boppedat begrypt er dat hy it leed fan syn heit meidraacht. Op syn beurt lûkt hy dat leed op ’e nij oan. ‘ De wet fan de oanlûkkrêft’, seit Annamaria. ‘ As wy dy patroanen net trochbrekke, kommme se hieltyd wer werom.’ It lichem jout hiel presys oan wêr’t it probleem sit. Yn dit gefal wie it pesten letterlik net te fertarren. Annamaria hat noch in oantal aparte healingsesjes mei de jonge dien en hy rekke befrijd fan syn probleem.

Oertsjûgingen

Net allinne foarfallen, mar ek oertsjûgingen fan ’e (foar)âlders kinne ûnbewust op in bern oerdroegen wurde. Tink mar ris oan de útdrukking ‘it sit yn de genen’. ‘ Ja,’ laket Annamaria, ‘ dêr kinsto fansels alles mei goedprate, mar der is wat oan te dwaan!’ Ien ding stiet fêst: by elkenien dy’t deroan meidocht, liedt in opstelling ta nije ynsichten. ‘ It is net allinne heilsum foar dejinge dy’t de fraach stelt, mar foar elke represintant.’

Annamaria leit út datsto wol foar dizze metodyk iepenstean moatst: ‘As in frou tsjin har man seit: “ Kom Jan, do soest ris in famylje-opstelling dwaan moatte!”, en dy man kin dêr echt hielendal neat mei, dan is der gjin iepening. Asto derfoar iepenstiest dat werklik alles gebeure kin by sa’n opstelling, dan wurket it foar dy. It iennige watsto hoechst te dwaan, is dyn hert iepenstelle. Yn it enerzjyfjild lizze nammentlik alle antwurden op ús te wachtsjen. De antwurden dy’t represintanten jouwe, soargje derfoar dat wy ús bewust wurde fan patroanen en systemen. Se soargje derfoar dat wy ûnderskied meitsje kinne tusken wat fan ússels is en wat wy meidrage fan foarige generaasjes. Sjoch it mar as in grutte himmelbeurt. Wy romje âlde bagger op en op dy manier komme wy stadichoan thús yn ússels.’

Tekst: Marieke Vinckers 

It grutte famyljeboek

Hoe sjogge famyljes derút? Wêr hast famylje foar en wat dogge se? Dit binne in pear fan in hiel soad fragen dy’t beäntwurde wurde yn dit prachtige boek fol famyljes yn soarten en maten.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2020 #2
Bekijk magazine