Zoek op inhoud

Fjouwer generaasjes: de mannen De Jong

‘Wy hâlde fan in praatsje en dogge op feestjes graach it ljocht út. Stel je foar dat in oar dat dwaan moat.’

Age de Jong (100)
Tjerk de Jong (66)
Age de Jong (39)
Tjerk de Jong (11)

‘We hawwe allegearre brune eagen en grutte hannen,’ seit Tjerk jr., ‘dus wy hawwe wol wat faninoar.’ Tjerk sr. reagearret: ‘Wy trijen hawwe brune eagen, mar âlde pake sines binne blau.’ En as de beide Tjerken de hannen opstekke, kloppet it yndie; se hawwe beide lange slanke fingers. ‘Ik ha de hannen fan myn pake,’ seit Age jr. ‘De koalen kinne wy sa mei de hannen opskeppe’, laket er as er syn hannen op tafel leit.


It is ien en al reuring by de famylje De Jong oan de keukentafel yn Peazens. Yn ’e widze leit in lyts geef popke. Martsje Anneke is krekt op ’e wrâld, en makket mei har komst op ’e nij Tjerk jr. broer, Age jr. heit, Tjerk sr. pake en Age sr. oerpake. De kreamhelp en de konsultaasjeburomeiwurker binne oer de flier en elkenien sjocht fol bewûndering nei it lytse wyfke. Tjerk jr. jout syn suske leaf in tútsje op de foarholle as se skrieme moat by de hakkeprip. ‘Wy binne allegearre meilibjend en empatysk. Wy hâlde fan gesellichheid, en humor ha we net’, seit Age jr. mei in grutte laits en twinkeleagen. It folk om ’e tafel laket. ‘Dus dêr dogge wy net oan’, follet Tjerk sr. oan en der rôlet wer in lachsalvo de keuken yn. ‘Wy ha deselde humor dus’, konkludearret Age jr. ‘We hâlde fan in praatsje en dogge op feestjes graach it ljocht út. Stel je foar dat in oar dat dwaan moat’, grapjaget er.

‘We binne rjocht foar syn raap, nochter en wy rinne nergens foar wei, en ast ús ienris kenst binne wy o sa guodlik. Mar we litte net oer ús hinne rinne, dat sjoch ik wol by ús allegearre werom.’ Syn heit knikt befêstigjend. ‘As ien my te fiter hat, krijt hy ’m in kear werom,’ seit Age jr., ‘want wy kinne allegearre min tsjin ûnrjocht.’ Tjerk jr. werkent dat wol. Hy kin der op skoalle min mei omgean as de ferkearde straf krijt fan master. Tjerk sr. suchtet dat it ‘fêst de leeftiid is’, dat dat tsjintwurdich wat makliker giet. ‘Mar fierder’, seit Age jr., ‘kin ik mei elkenien troch ien doar. Wy binne net sa lestich om mei om te gean. Wy steane foar wat wy dogge. Pake hie eartiids in leanbedriuw, ús heit wie túnker en ik hannelje yn trekkers. Wy hawwe alle trije út it neat wei wat opboud, en dêr binne wy grutsk op!’

Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Fjouwer generaasjes sterke frouwen

‘We binne allegearre sterke frouwen’, seit Hermie yn de wenkeamer yn Bûtenpost. ‘We binne hiel selsstannich en, op Christine nei, ek allegearre allinne.’

Famylje-opstellingen: It ûnsichtbere sichtber meitsje

‘Soesto de heit wêze wolle? Asto dan de oarsaak bist, dan fertsjintwurdigesto it bern.’ Elkenien nimt syn plak yn. De heit stiet fier fan it gesin ôf, de oarsaak stiet midden yn ’e romte en it bern stiet tusken de âlders yn. Dêrmei is it al begûn: de famylje-opstelling. Systemysk wurk dat it ûnsichtbere sichtber makket.

Fryske kaarten

Heit&Mem hat allerhande Fryske kaarten yn de kolleksje. En fansels ha wy ek ien foar oerpake!

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #3

Yn dit nûmer giet it oer fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie boeketips, in artikel oer angst foar de befalling, Willeke Dikland oer hoe’t it is om al betiid yn de oergong te sitten en in artikel oer bern dy’t net goed sliepe kinne.

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine