Boekresinsje ‘It is bêdtiid, Stip!’ troch Jeltje
Sadree’t Janneke (3 jier) it boekje ‘It is bêdtiid, Stip!’ út it kadopapier helle hat, lêze we it boekje.
Stip kampearet yn ’e tún, mar kin noch net sliepe. Dêrom giet er mei syn heit en mem noch in eintsje te rinnen yn ’e tún. Syn bûslampe moat natuerlik mei, want oars sjogge se neat yn it donker.
We lêze it boekje net ien kear, mar daliks wol fiif kear. Sa leuk fynt Janneke it om mei de bûslampe de ferskillende dingen te besjen en op te sykjen.
Neidat ik har it boekje in pear kear foarlêzen ha, wit se eins wol wat der stiet en ‘lêst’ se it boekje sels.
Krekt as de measte Stipboekjes is dit ek wer in boek mei felle kleuren. Dat sprekt bern faak gau oan. Froukje (8 moanne) is noch te lyts om de bûslampe te brûken, mar fynt it boekje sels prachtich troch de felle kleuren.
Janneke fynt it leuk om ek hieltyd de oare dingen te beneamen dy’t se mei de bûslampe sjocht, dus net allinnich de ûle of de bear, of wat se ek mar sykje moat neffens de tekst. Ek betinkt se sels wat dingen deromhinne. Op dy manier is der ek romte foar har fantasy. Bygelyks: de foks hat Stip syn bal ôfpakt.
De bûslampe is krekt as it boek fan karton. Troch de kleurtinten dy’t de striel fan ’e bûslampe foarstelle is it, ast him yn it boek skoost, krekt in echte bûslampe. Janneke hat dan ek al in pear kear frege at it in echte bûslampe is en hoe’t er dan ljocht jout.
Foar de jongste bern is it boek hiel geskikt om’t der net hiel folle tekst yn stiet. De foarlêzer sil dan wol de bûslampe yn ’t boek dwaan en bewege moatte, want dat kinne se noch net sels (of de bûslampe giet wierskynlik stikken at se it al probearje). Foar de wat âldere pjutten en beukers is it boek ek hiel geskikt, want dy kinne sels de bûslampe betsjinje en do kinst se eventueel ek noch oare dingen mei de bûslampe yn it boek sykje litte.
Jeltje, út Berltsum
Mem fan Janneke en Froukje

It is bêdtiid, Stip!
Stip kampeart yn ’e tún. Hy moat hast op bêd, mar is noch hielendal net slûch! Meitsje foar it sliepen gean noch in rûntsje mei Stip troch de tún en ûntdek ûnderweis allegearre leuke ferrassingen. Stek de bûslampe fan Stip tusken de siden om de plaatsjes te ferljochtsjen en fyn sa de ferburgen bisten.
Lêstip fan Keimpe oktober: Pippi Langkous (Frysk)
Yn oktober is it wer Kinderboekenweek en dit jier is it tema ‘Lekker eigenwijs!’. En wa is no it meast eigenwize famke yn de berneboekewrâld? Pippi fansels! Dêrom is de Fryske Pippi dizze moanne de Lêstip fan Keimpe!
Hoe let is it eins?
It liket miskien ûnfoarstelber, mar hieltyd mear skoalbern yn it fuortset ûnderwiis kinne de wizers fan in analoge klok net mear goed lêze. Guon bern komme dêrtroch sels te let yn ’e klasse, om’t harren tillefoan, mei de digitale tiid, yn it klúske leit.
Jierdeikalinder foar pjutten- Resinsje Sietske
Resinsje Jierdeikalinder toch Sietske – mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma
Resinsje Stip yne brânspuitauto troch Hermien
“Stip yn ’e brânspuitauto” is in berneboek, skreaun troch Eric Hill. It ferhaal folget Stip, de jonge hûn. Stip wol krekt as syn pake brânwacht wurde. It boek nimt de jonge lêzers mei op aventoer. It ferhaal giet oer de aksjes fan de brânwacht. De kleurige yllustraasjes bringe de personaazjes ta libben en meitsje it ferhaal tagonklik en oantreklik foar bern.