Zoek op inhoud

Resinsje Jierdeikalinder toch Sietske – mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma

Wat in feestlike jierdeikalinder! In soad kleuren mei foar bern herkenbere platen. Elke moanne hat in eigen tekening mei in ferske of gedicht, passend by de moanne. In sniepop yn de winter, in pykje yn de maaitiid, swimme yn de see yn de simmer en rein yn de hjerst. Ek kinst by inkele moannen in QR-koade scanne en dan kinst it ferske ek belústerje.

De jierdeikalinder jout mei ús bern ek leuke gesprekken; ús soan Jelte fan 5 wol witte wannear’t wa jierdei is. Yn watfoar moanne is dat en wat gebeurt der yn dy moanne? Pake is al hast jierdei, wat sille we him dan jaan? Jelte is op dei 10 jierdei en syn suske Mirke wol op nûmer 25! Jelte wol foaral iderien op de kalinder sette en is benijd wannear’t iderien yn syn famylje, mar ek syn freontsjes, jierdei binne. Us soan Ferre fan 3 fynt de plaatsjes en ferskes leuker: wat stiet dêr, mem? Ek sjongen fynt hy moai. Hy fynt syn eigen moanne, septimber, toch wol it moaiste; dat giet oer in spin! Us dochter Mirke fan 1 fynt it wol even ynteressant om te sjen, omdat har broers it ek moai fine, mar mear as even blêdzje of priuwe docht se net 😉.

Mar ek foar folwoeksenen is it in moaie jierdeikalinder; platen passend by de moanne, even in gedichtsje om te lêzen én allegear like fleurich. Mar ek genôch romte om de nammen op te skriuwen, mochten der ris twa op ien dei jierdei wêze, ek wol sa handich by in kalinder.

En wêr sil de kalinder hingje? Jelte hat wûn, hy mei op syn keamer hingje, hy is hielendal bliid 😊.

Alles byelkoar in moaie fleurige jierdeikalinder dy’t sawol foar bern as folwoeksenen moai is om te brûken.

Sietske út Weidum (Lid fan it Afûk-boekpanel)

Mem fan Jelte, Ferre en Mirke

Jierdeikalinder

Op de kalinder binne by alle gedichtsjes en (opsis-)ferskes prachtige yllustraasjes te sjen. Se binne makke troch Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina Poiesz en Froukje Reitsma. Fia in QR-koade binne de ferskes te belústerjen en der wurde by alle moannen bypassende lês-, sjong-, doch- of praattips jûn. In fleurige kalinder, om it hiele jier troch fan te genietsjen; op ’e pjutte-opfang, op skoalle of thús!

Spesjaal geskikt foar bern fan 1 o/m 6 jier.

Boekresinsje fan Tineke: ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear?’

Koartlyn ha ik mei beppesizzer Björn it beareprinteboek besjoen, supergesellich! Hy is gek op boeken. It boek giet oer Grutte Bear en Lytse Bear.

De resinsje fan Antje: ‘Krûpelhintsjes’

Dit printeboek fan Auck Peanstra mei ferskes en opsisferskes is útjûn yn 2009. It is in echt foarlêsboek foar pjutten en beukers. De titel ‘Krûpelhintsjes’ (in oar wurd foar leavehearsbistkes) docht syn namme ear oan; it krûpelhintsje, dat te finen is op alle yllustraasjes, fljocht fan it iene ferske nei it oare. En sa is it boek ek opboud; kriskras ferskillende (opsis)ferskes mei ferskillende tema’s.

Jonge bisten: resinsje fan Irene

De resinsje fan Maaike: It is de Gruffalo!