
Hoe let is it eins?
It liket miskien ûnfoarstelber, mar hieltyd mear skoalbern yn it fuortset ûnderwiis kinne de wizers fan in analoge klok net mear goed lêze. Guon bern komme dêrtroch sels te let yn ’e klasse, om’t harren tillefoan, mei de digitale tiid, yn it klúske leit.
Fenna: “Yn de havoklas fan ús dochter wienen der wol njoggen dy’t de analoge klok net lêze koenen.”
Yn guon skoallen wurde dêrom by toetsen en eksamens de analoge klokken sels ferfongen troch digitale farianten, om stress en misferstannen te foarkommen.
Hoe kin dat eins? De ferklearring is simpel. De bern fan hjoed-de-dei groeie op yn in omjouwing wêryn’t de tiid hast altyd digitaal oanjûn wurdt. Op smartphones, tablets, kompjûters en sels op magnetrons en wekkers is de digitale tiid te sjen.
Dêrtroch oefenje bern hieltyd minder mei it ynterpretearjen fan de wizers fan in analoge klok.

Grietje: “Mijn zoon van 14 kan inderdaad de gewone klok niet lezen. Wel die van de mobiel. Mijn dochter van 6 kan het juist weer wel.”
Ek besteegje skoallen hieltyd minder tiid oan it oanlearen fan it kloklêzen. Mar dochs is it wol hiel belangryk. Want it lêzen fan in analoge klok draacht by oan it ûntwikkeljen fan tiidsbesef en planningsfeardichheden. Hoe sjocht in kertier derút? En in healoere? Soargje foar in analoge klok yn ’e hús en bliuw it mei de bern oefenjen. Freegje sa no en dan ris oan de bern hoe let it is of wiis nei de klok en sis: ‘Sjoch, it is no trije oere.’
Marijke: “Myn jongste sjocht it nut der net fan yn. Sy kin de digitale klok dochs lêze?!”
Tekst: Dieuwke van der Meer