Zoek op inhoud

Boekresinsje: ‘Hâldsto altyd fan my?’ troch Wally Hoekstra

‘Hâldsto altyd fan my?’ is in kleurryk printeboek foar jonge bern. It printeboek giet oer memmeleafde. Elke side hat in koarte tekst en in moaie grutte en kleurrike yllustraasje, wat soarget foar in oantreklik gehiel. It ferhaal yn it boek giet oer situaasjes dy’t elke dei foarkomme kinne by bern.

Bern dogge hast alle dagen wol wat dat net mei. Betiden ûnbewust. Dan skrikke se en freegje se harren natuerlik ôf oft heit as mem no ek boas is en dan noch wol fan him/har hâlde sil.
Foar ûnwisse bern oer de leafde fan harren âlders is dit ek in hiel geskikt boek.

Lytse bear en mem bear binne de personaazjes yn dit boek. Lytse bear freget hieltyd nei oanlieding fan in situaasje oft mem ek boas is. Efkes letter freget lytse bear him dan ôf oft mem noch wol fan him hâldt. Mem bear seit: ‘Fansels wol, tinkst dat ik dêrom net mear fan dy hâlde soe?’

Lytse bear betinkt noch mear situaasjes en freget alle kearen wer oan mem oft mem dan noch wol fan him hâldt. Mem bear jout, krekt as yn it echt, wol oan dat mem fansels net alles akseptearje kin, mar seit ek hieltyd wer dat dêrtroch har leafde net minder wurde sil. Oan ’e ein freget lytse bear noch oan mem: ‘En as ik no mear fan in oar hâlde soe as fan dy, mem?’, wêrop’t mem antwurdet: ‘Dan sil ik noch altyd fan dy hâlde en do meist hâlde fan wa’tst mar wolst.’

In moai boek dat giet oer sterke memmeleafde. It ferhaal makket dúdlik dat memmeleafde net samar oer is troch lytse dinkjes dy’t gebeure. In boek mei prachtige yllustraasjes en koarte en dúdlike teksten.

Hearlik om jûns foar it sliepen foar te lêzen, sadat bern mei in goed gefoel op bêd gean.

Lytse Bear makket him soargen.
Hy is net altyd leaf. Sil mem dan noch wol fan him hâlde?
Wat as er alles stikken makket? Wat as mem der net mear wêze soe?

Mar memmeleafde is sterk en hy ûntdekt: neat sil dat feroarje. Noait!

Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda

Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.

Heit en mem wurde as je 17 en 19 binne

Boekresinsje ‘De wurdskat’ troch Antje

It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.

Mei de bern op ’e yogamatte


Halloooo sinne! En no begroetsje wy de ierde, bûgje mar foaroer en lis dyn hannen op ’e grûn. Hallo ierde! En kom mar wer omheech. Hawwe jimme sin om mei in fleanmasine fier fuort te gean? Wêr geane wy nei ta? It oerwâld!? Dêr steane in soad beammen, gean mar ris op ien foet stean, dan bisto no sels in beam.’ It binne de ferhaaltsjes fan Tryntsje dy’t bern yn yogahâldingen bringe. Boartsjenderwize meitsje se sa kontakt mei it lichem. Oan ’e ein fan ’e les geane se yn ‘Savasana’, mar dat dogge se fansels lizzend op it strân, mei de sinne op ’e holle!