Zoek op inhoud

It boek giet oer lytse bear dy’t in lyts suske kriget. Dat betsjut dat hy syn heit en mem net mear altyd foar him allinne hat, en dan kin syn lytse suske ek nochris hielendal neat. Hy freget him dan ek ôf wat der no sa leuk is oan in suske, en fielt hoe’t it is om jaloersk te wêzen.

Wy hawwe dit boek lêzen doe’t ik swier wie fan ús tredde berntsje. En dat wie dus in hiele moaie oanlieding om it ris oer dit ûnderwerp te hawwen mei myn twa famkes fan 3 en 5 jier âld. Benammen ús âldste famke koe har goed ynlibje yn de gefoelens fan de lytse bear. Troch gefoelens lykas jaloersk wêzen en ûnwissigens oer de leafde fan heit en mem te beneamen en te bepraten, koenen wy ús famkes tariede op de tiid dat der yn ús húshâlding ek in soad feroarje sil. Us jongste famke is noch mar 3 jier en kin noch net goed ferwurdzje wat har dwaande hâldt, mar troch dit boek foar te lêzen koenen wy it moai oankaarte op in foar har begryplike manier. Troch it boek faker foar te lêzen, sjochst dat se hieltyd mear werkent en begrypt. Dêrtroch witte se no beide dat, ek al giet in soad oandacht fan heit en mem aanst nei de lytse poppe, dat neat ôfdocht oan de leafde foar har. Want fansels sille ek ús famkes wolris te meitsjen krije mei jaloerske gefoelens, mar wy kinne dan altyd it boek fan lytse bear der nochris by pakke.

It is in prachtich boek om kado te jaan oan oansteande grutte broers of susters. By ús stiet dit moai yllustrearre boek no te pronkjen op de keamer fan de lytse poppe. Underwilens hawwe wy it sa faak lêzen dat it boek al troch ús âldste famke oan de jongste foarlêzen wurdt. En trochdat it yn it boek fansels ta beslút allegearre goed komt, sjogge se sels ek mei spanning en wille út nei har eigen broerke of suske.

It boek ‘Dêr is se dan! En wat no?’ is foar €13,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Jenny van der Meer út Kornhorn

-> Jenny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

De boekresinsje fan Jenny: ‘It grutte famyljeboek’

De resinsje fan Jenny: By beppe útfanhûs

“At mem fuort moat mei it fleantúch, kin lytse Maaike net mei. Derom sil Maaike by beppe útfanhús. Maaike pakt har kofferke en nimt fan alles mei. By beppe dogge se tegearre allegearre leuke dingen, mar dochs fielt Maaike har net hielendal bliid. En as Maaike op bêd giet en yn de nacht wekker wurdt, mist se har mem en moat se gûle. Maaike wurdt ûnwennich, lokkich wit beppe rie en mei Maaike by beppe yn it grutte bêd sliepe.”

De resinsje fan Jenny: ‘Prinses Pompebledsje’

De bern fan Reahûs

Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.