Wat in plaatsje, dit nije boek fan Barbara de Ruiter. Troch de rôze en reade kleuren en de fleurige tekeningen wie dit boek fuortendaliks tige populêr by myn famkes. En wiene hja tige nijsgjirrich oer watfoar prinses dit ferhaal gean soe.
Elke side is op in bysûndere manier yllustrearre en moast dan ek goed bestudearre wurde, fan de jurk fan de prinses oant de stoel fan de kening, it is allegearre fersierd mei kleurrike pompebledsjes.
En dat is dan ek de namme fan de prinses yn it ferhaal. Prinses Pompebledsje. Mar foardat se in prinses is, belibbet se in bysûnder aventoer. It prinseske wurdt berne út in pearel dy’t in kening en keninginne krigen hawwe fan fee Foekje foar harren help. En lit dy pearel no krekt stellen wurde troch in nachtfûgel. Sa begjint de prinses har aventoer, at se út de pearel komt wit se net wa’t se is of wêr’t se wennet. Se giet op syk nei in plak om te wenjen, dat wurdt in spannend aventoer, wêryn’t se in soad belibbet. Alle bisten dy’t se tsjinkomt hawwe wol in eigen hûs, mar nearne is in goed plak foar de prinses. It famke wurdt ûngerêst om’t se noch altyd gjin thús fûn hat. Mar gelokkich komt se úteinlik op in moai plakje telâne dêr’t oprjocht fan har holden wurdt, en rint it dus allegear goed ôf.
It is net allinnich in leuk ferhaal, it binne foaral de printen dy’t it in prachtich boek meitsje.
Myn famkes hâlde fan alles wat mei prinsessen te meitsjen hat. Dit boek foel dan ek behoarlik yn ’e smaak. It is net allinnich in leuk ferhaal, it binne foaral de printen dy’t it in prachtich boek meitsje, dêrtroch begjint it ferhaal te libjen en kinne bern it aventoer hielendal folgje. En it moaiste is dochs wol dat der njonken alle oare bekende prinsessen no ek in Frysk prinseske is.
Troch Jenny van der Meer út Kornhorn
It boek ‘Prinses Pompebledsje’ is foar € 12,95 hjir online te bestellen.
-> Jenny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.