Zoek op inhoud

Panorama

We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?

Yn ’e auto in pear wike ferlyn frege er oan my wannear’t ik dan skieden wie fan Floris.
Ik lis út dat Floris altyd in freon west hat.

‘Maar waren jullie dan nooit verliefd? Zijn jullie dan nooit getrouwd geweest?’
Hy siket antwurden op de fragen yn syn holle.
We prate deroer. Der binne yn ús omjouwing gjin foarbylden dêr’t we ús oan spegelje kinne.

Ik tink dat it prachtich is dat Teije Floris kennen leart. Ik soargje foar Teije, mar we hâlde beide fan him. Dat hy dat fiele mei op sa’n reis lykas dizze.

We ferkenne de stêd. Teije kletst hûndert út oer it bestean fan de ierde, dat er gjin hagelslach mei en dat de Eiffeltoer toch net fan goud is.
We stean by de Acropolis. Floris fertelt ús oer de skiednis.
Teije is ôflaat. Op ’e grûn even fierderop krioelet it fan de reuzemieren. It binne der wol hûndert. Se sjouwe mei takjes yn ’e mûle. Teije folget it spoar fan de mieren. Moediget se oan. Helpt in mier at dy de ferkearde kant op giet.

Mei de Akropolis op ’e achtergrûn.
Hy besjocht de wrâld fanút in oar perspektyf.
Hoe soe hy ús besjen? Wy mei ús trijen?
Ik freegje my dat ôf wylst Teije de stippen fan in krûpelhintsje telt.

Letter nei it jûnsiten sit ik neist Floris op ’e bank. In kat springt op syn skoat. Teije hâldt op mei tekenjen en komt oerein fan syn stoel.
‘Ik ga even naast mijn papa en mama zitten.’
Hy krûpt tusken ús yn en aait de kat.

It is miskien ek net dreger as dit.
Wy binne syn heit en syn mem.
It fielt as famylje.

Ek al binne wy noait troud 😉

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019).

Tekst: Sjoukje de Boer
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Kollum: Ik draag je verder

‘Ik kan het verkeerd hebben, maar ik begreep dat een draagdoek het meeste comfort geeft?’ Melissa is twee weken geleden moeder geworden van een prachtige zoon en vraagt mij in consult om haar en haar man te helpen bij het leren dragen van hun kindje.

Tegearre hjir

Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.

Resinsje fan Jelly: ‘jierdeikalinder’

Ien bern

It getal ien: wannear is in gesin eins ‘ôf’?

‘Wannear komt de twadde?’ is de fraach dy’t al gau oer de tafel fljocht. Mar achter de foardoar sjocht de wrâld der faak hiel oars út. Yn Snits gie it poppeguod de doar út út in gefoel fan kompleet-wêzen, yn Ychtenbrêge út in gefoel fan loslitten.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine