Twa
Teije is berne yn it sikehús fan Ljouwert. It wie om middernacht hinne en dat makke dat we dêr dy nacht sliepten. We krigen ús eigen keamer, dêr’t we tegearre in ienpersoansbêd dielden, al hie Teije syn eigen sikehúsbedsje op tsjiltsjes.
Ik wie foar it earst allinne mei myn soan. Ik hie yn de moannen dêrfoar fan alles lêzen oer lytse poppen, om sa in ynskatting te meitsjen fan wat my stoeng te wachtsjen. Minsken neamden my foaral sterk en dapper, dat ik dêr sa foar kieze koe − in berntsje fan in donorheit. Ik fûn it foaral hiel spannend en ik wie ek ûnseker oer hoe’t it allegear komme soe.
Fan ’e jûn, foar it op bêd gean, fersier ik de keamer en tink ik werom oan twa jier ferlyn. Ik sjoch ús yn dat bed lizzen. In suster lei Teije nêst my yn myn earms. Al hie ik in lange befalling efter de rêch, wurch wie ik noch net. De suster ried ús de keamer yn. At der wat wie, koe ik op it knopke drukke, sei se. Har tsjinst siet derop. Se soe ús net wer sjen. Se winske ús it bêste en doeng it ljocht foar ús út en de doar efter har ticht – letter soe ik de suster noch werkenne fan de foto út Teije syn earste album.
Teije sliepte en ik doarde my net te ferlizzen, bang dat ik him wekker meitsje soe. Ik doarde him ek net rjocht te pakken, omdat it allegear sa tear fielde, sa brekber. Healwei de nacht moast ik nei de wc, mar ik koe it knopke net fine dêr’t de suster it oer hie. Ik doarde net oerein te kommen of myn soan allinne op it bêd efter te litten sadat ik nei it húske koe. Ik hie lêzen dat je lytse poppen nea allinne op it bêd lizze litte moatte, omdat se der dan ôfrôlje kinne. Dat dat pas nei fjouwer moanne is, wist ik net. Eins wist ik niks. Ik hie tocht dat it miskien mear fansels gean soe. Dat op it momint dat de poppe der is je gewoan witte wat je dwaan moatte. Je je mem fiele en dat binne fanôf it begjin. Teije waard dy nacht in pear kear wekker. Hy gûlde. Ik woe boarstfoeding jaan en ik lei him dan oan. Ik koe it ljochtknopke net fine dy nacht en dêrom brûkte ik de bûslampe fan myn tillefoan. Sa skynde ik ús wat by.
Moarn is it earste wat hy seit ‘Memmemmemmem’ en dan docht er in hynder nei. At ik him dan út syn ledikant pak, sil er laitsje en hy sil knipe mei syn eachjes at we de oerloop op rinne en by de trep del. Hy sil syn earms om myn nekke slaan wylst we nei ûnderen rinne. Ik kin it úttekenje, ik kin him lêze, ek sûnder ljocht wit ik de wei.
Teije is jierdei mar ik wurd ek twa.
Twa jier mem.
Skriuwer: Sjoukje de Boer
Ferneamd: Thijs en Thijs
Thijs is 9 jier en wennet mei syn heit, mem en suske yn Droegeham. Hy is ferneamd nei syn pake, dy’t ek Thijs hjit. Mar dat wist pake sels earst noch net.
Hoefolle kin in mem drage?
“Tweintich kear deis spuie. Hast neat mear kinne. In twaling dy’t him al mei 31 wiken oankundige. In needkeizersneed. Twa popkes dy’t njoggen wiken lang yn it sikehûs fjochtsje moasten foar in begjin. En dêrnei ek noch in ferhuzing en in skieding. Hoefolle kin in mem drage foar’t se sels brekt?”
Gezinnen in alle vormen en maten
Op school leer je nog altijd het klassieke plaatje: vader, moeder en kinderen. Maar anno 2025 zien gezinnen er lang niet altijd zo uit. Bonusouders, samengestelde gezinnen en nieuwe rollen, het hoort er allemaal bij. Zelf merkte ik dat toen ik mijn partner ontmoette, die al twee kinderen had. Voor mij betekende dat een sprong in het diepe: bonusouder worden. En ik ben niet de enige die deze weg bewandelt.
Friese oranjekoek: een zoete trots uit Friesland
De Friese oranjekoek is een van de bekendste lekkernijen uit Friesland. Wie ooit een verjaardag, bruiloft of jubileum in Friesland heeft meegemaakt, kent hem waarschijnlijk: een zachte koek met een roze glazuurlaag, vaak versierd met slagroomtoefjes en stukjes gekonfijte sinaasappelschil. Ondanks de naam heeft de koek overigens niets met sinaasappel te maken. De naam verwijst naar het Huis van Oranje.