Soms freegje minsken harren wolris ôf oft se likefolle fan in adopsjeberntsje hâlde kinne soenen as fan in biologysk eigen bern. Dy fraach kinne Rients en Agnes Sybesma foar hûndert prosint mei ja beäntwurdzje.
Fyftjin jier lyn waard it bakkersechtpear út Boksum mei help fan IVF heit en mem fan Hotze. En ja, se hâlde likefolle fan harren Sineeske adopsjesoan Folmer (11), dy’t tsien jier lyn harren gesin kompleet makke.
‘Doe’t wy Folmer foar it earst yn it echt seagen, moasten wy allegear gûle’, fertelt Agnes. ‘It fielde krekt as wienen wy wer befallen. Je wurde opnij heit en mem.’ It wie ek fuort hiel fertroud. ‘Fansels moasten wy oan elkoar wenne, mar dat gie hiel spontaan. It fielde as wie ús gesin no kompleet. De jonges sieten jûns gesellich yn bad te boartsjen as hie it noait oars west.’
De jonges kinne hiel goed meielkoar. ‘Se sykje inoar altyd op. Hotze is hiel beskermjend nei syn broerke ta, mar fansels hawwe se lykas oare broerkes ek wolris spul meielkoar. Dat heart derby.’
Doe’t wy Folmer foar it earst yn it echt seagen, moasten wy allegear gûle
Yn Boksum binne de minsken allegear wend oan de Sybesma’s. ‘Folmer helpt ús ek wolris op it terras fan de bakkerij. Minsken fan bûten it doarp sjogge dan wolris nuver op at se him Frysk praten hearre. Dat ferwachtsje se dan net.’
Yn it paspoart fan Folmer stean ek syn Sineeske nammen Pu Fu Ching. ‘Mar Hotze en Fu Ching fûnen wy wat nuver byelkoar en dêrom hawwe wy in Fryske foarnamme keazen, mar wy woenen syn namme net útwiskje.’
Doe’t Folmer lêsten in opdracht fan skoalle krige om in stambeam fan syn famylje te meitsjen, moast er al efkes pikerje. ‘Wy prate der gewoan oer hear, mar op sokke mominten komme der fansels wol fragen oer syn biologyske âlden. De kâns dat wy te witten komme wa’t dat binne, is hiel lyts.’
Dochs tinke se der wol oan om oait nei Sina werom te gean. ‘Faak meitsje minsken in “roots-reis” as it adopsjebern sa’n 16 à 18 jier is. Dan kinne se sjen wêr’t harren woartels lizze. Dat liket ús wol moai om yn de takomst nochris te ûndernimmen.’
In berntsje adoptearje út in fier lân is in hiele ûndernimming, beslút Agnes. ‘Mar wy hienen Folmer foar gjin goud misse wold.’
Skriuwer: Froukje Sijtsma
Ut: heit&mem nr.2 2022