‘Tutte mei de linten, bûsfol sinten…’ – Ut in fier ferline stie my dit noch by, mar dan hold it op. Heech tiid dus om de klassiker fan Diet Huber noch in kear te lêzen.
Sèls te lêzen, want ik leau net dat ik it boek eartiids sels lêzen ha. En earlik sein tink ik ek net dat it in boek is foar (de measte) bern om sels te lêzen. Safolle machtich lange fantasywurden lykas ‘Kening Gigagelótsgom’, ‘Eamelder Jipjapjûmeltsje’, ‘Sjingelum sjangelum hopfideldy’ en sa kinst dy de tonge noch wol mear brekke. Fierder kaam it boek fansels al mear as 60 jier lyn foar de earste kear út. En it kin net misse of dat is yn ’e ferskes te fernimmen. Wurden as ‘boesgroentsje’, ‘hoas’ en ‘fertutearze’ brûk ik net alle dagen mear. Ik learde der sels noch moaie nije âlde Fryske wurden by. ‘Stuten’, ‘riuwe’, ‘kreauwe’; ik wit no wat it is.
Mar net lêze dus? Jawis al!
It is in hearlik grappich boek. De ferskes ha stik foar stik in fijn ritme en mei in bytsje oefenjen wurdt it foarlêzen suver hast sjongen. It moaie ritme yn kombinaasje mei de ûnmooglikste wurden en de kleurrike, eigenwize haadpersoanen meitsje it foarlêzen ta in feestje. Wat in fantasy moat de skriuwster hân hawwe: In pake dy’t te skûtsjesilen giet yn beppe har toffel? Snie-iters mei fiif fuotten en mar ien hân? In reus mei in hiel park op ’e holle? In weismiten hjerringkop dy’t beannesop ferkeapet? En wat in talint om it sa op papier te krijen.
‘Foar bern fan 5 – 95 jier’ stiet der yn it boek. En dat is hielendal wier. Miskien is it sels de foarsichtige kant noch wol it neist. Sels by ús op ’e (dochs noch wol hiel Nederlânsktalige) bank soarge Diet Huber foar in brede laits op de gesichten. Fan de bern en fan de foarlêzer!
Sjoch foar mear boekbesprekkingen fan Tante Tjits op har webside.