Wat in fleurich boekje is Goeiemoarn!
Yn it kartonboekje Goeiemoarn! stean sân rymkes oer werkenbere tema’s foar pjutten, sa as oer wekker wurde, ite, yn bad en sliepen gean.
De rymkes binne koart en dêrtroch goed te begripen.
Op de side neist de rymkes stean moaie yllustraasjes dy’t foar pjutten ek dúdlik en werkenber binne.
Goeiemoarn! is in boek foar pjutten. Benthe is hast twa en krijt gjin genôch fan it boekje. At it boekje út is, moatte we it daliks noch in kear lêze. De tekeningen fynt se ek prachtich. Benthe wiist alles oan wat se fan thús ken… it bad, it knuffelknyn, it bêd, de poes…
Omdat it in hiel stevich boekje is, kin Benthe it boekje ek sels ‘lêze’ of ‘foarlêze’ oan har suske Ilse (6 moanne) of oan de pop. We hoege dan net bang te wêzen dat it boekje stikken giet.
Al mei al in leuk en fleurich boekje mei werkenbere rymkes en tekeningen, wêrtroch’t it leuk is om foar te lêzen en de plaatsjes tegearre te besjen.
Emke Feenstra, mem fan Benthe (1) en Ilse (6 moanne) út Drachten.
Emke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Goeiemoarn! (0-4 jier)
Zeven rijmpjes voor de allerkleinsten over eten, lezen, slapen en andere herkenbare momenten door de dag heen.
Schattig kartonboekje met illustraties van Marijke Klompmaker
Auck Peanstra, Jeltsje Reitsma, Lida Dykstra
€9,95

Alders krije nij Taalkado by oanjefte fan in berte
Dizze wike is it nije Taalkado ferskynd, dat útdield wurdt oan âlders dy’t yn in dielnimmende gemeente oanjefte dogge fan de berte fan harren poppe. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân it bertegeskink al út. It Taalkado sit fol aardige en edukative produkten, dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal en meartalich opfieden. It projekt wurdt yn 2025 en 2026 op ’e nij útfierd troch de Afûk.

De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe
Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei.

De Fryske babyboeken top 5!
Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die als baby (vanaf drie maanden) al worden voorgelezen, het later beter doen op school. Al na vijftien maanden zin er positieve effecten op de woordenschat.

De resinsje fan Sietske: Stip yn it swimbad
Dit fleurige kartonnen boekje giet oer Stip dy’t mei mem nei it swimbad giet, dêr’t hy ek syn freonen Gjalt en Wybe tsjinkomt. Stip fynt it earst wol wat spannend yn it swimbad, mar úteinlik fynt hy it machtich en is er lekker oan it spatten en swimmen. Der wurdt ôfsluten mei in ijsko, dus dat is feest.