Sjonge jim pjutten ek de ferskes ‘Bijke, bijke, bijke’ en ‘Kees Kikkert’? Guon bernelieten gean al generaasjes lang mei. In protte fan dy berneferskes binne skreaun en komponearre troch Hindrik van der Meer. Hy hat hert foar muzyk én foar taal.
It petear mei Van der Meer begjint oan de keukentafel, dêr’t syn frou Beitske ek oan ’t wurk is.
‘Doe’t wy noch tegearre wiene, ha wy yn Papoea west. Ik wie dêr in jier lang ûnderwizer. De heiten fan de bern, meast fiskers, songen as sy op see wiene. Ienris, yn de nacht, hearde ik lieten. Sa bysûnder; it rekke my djip. Oer it wetter kamen har lieten, oerklanken foar my, sêftsjes ús hûs op peallen binnen slierkjen. Sy sochten nei ferbining mei de geasten boppe.’
Hindrik van der Meer is 80 jier wurden en sjocht werom op in hiele protte aktiviteiten dy’t mei muzyk, taal én it hert te krijen hawwe. ‘“Kees Kikkert” wie it earste ferske dat ik makke’, fertelt Van der Meer. ‘Goed fjirtich jier lyn wie ik ris as muzykdosint fan ’e Pabo yn Hidaard om by Freark Smink yn ’e klasse te sjen, en dy harke doe mei de bern nei in skoalradioprogramma fan Omrop Fryslân. Ik hearde in ferske en op Freark syn fraach wat ik dêrfan fûn, sei ik dat ik net ûnder de yndruk wie. De oare deis stiene twa minsken fan de Skoalradio by my op ’e stoepe. Wy kamen oerien dat ik ferskes meitsje soe foar harren programma. It earste ferske wie “Kees Kikkert”. En eins spegelet Kees Kikkert noch altyd myn fyzje op it sjongen; elkenien hat in eigen lûd, in eigen stim. Sa’n stim moatte je oefenje, mar it eigene fan de stim moat net ferlern gean. Lykas it eigene fan elk mins bewarre bleaun wurde moat.’
Kees Kikkert wie it earste ferske dat ik makke.
It giet der úteinlik om dat in talint ûntwikkele wurdt, neffens Van der Meer. ‘Elkenien hoecht net in talint foar muzyk te hawwen. Mar it giet derom dat elk syn talint en syn bestimming fynt. Ik ha my der ek oer ferwûndere dat ik ferskes meitsje koe. Ik bin begûn as dosint Frânsk. Doe’t ik as learling op de Kweekskoalle siet, is my nea sein dat ik in talint foar taal en muzyk hie. Ik bin bliid dat dat op myn paad kaam. Elke dei fytste ik fan ús hûs yn Goaiïngea nei de PA yn Snits, dêr’t ik doe as learaar muzyk oan ferbûn wie. En yn dy kadâns fan it rûndraaien fan de trapers binne in soad ferskes ûntstien.’
Nei Kees Kikkert folgen der folle mear, mear as hûndert lieten binne sa ûntstien. It wie yn in tiid dat der noch net in soad Fryske berneferskes wiene. Van der Meer brûkte ek wol teksten fan Diet Huber en Jant Visser-Bakker. Huber, ûnder oaren bekend fan “Tutte mei de linten”, en Visser-Bakker, de auteur fan bygelyks “Pyfke lokomotyfke”, ynspirearren Van der Meer ta it skriuwen fan berneferskes foar elkenien. ‘Ik ha de ferskes net allinne foar bern makke, want ik fyn ek dat se de heiten en memmen oansprekke moatte. Ferskes moatte net te bernich wêze’, seit hy. ‘Yn bygelyks it ferske “Efter de pleats fan omke Geart” jouwe de bisten kommentaar op de baarch yn de sleat, lykas folwoeksenen dat dogge op bern. “Hoe komst dêryn”, seit de knyn ferwitend. “Dit is my wat”, seit de kat, en “Hoe hast dat no!” seit de ko. Dat binne lûden dy’t de bern ek wol hearre as se yn ’e sleat sitten ha of de beker mei poeiermolke omsmiten ha.’
Of it ferske Kikkerts út ’e kikkertsleat, dat no hiel aktueel is, mar doe eins syn tiid fier foarút wie:
‘It doel wie de ferskes op te nimmen mei de Pabostudinten, mar doe’t der yn de fakânsjetiid gjin studinten wiene, binne wy der mar mei de húshâlding hinne tein. De minsken fan de Omrop en Skoalradio seagen doe dat as ferskes ynsongen wurde troch bern, de werkenning folle grutter is as wannear’t folwoeksenen se ynsjonge.’
‘Taal en muzyk is in goed houlik,’ neffens Van der Meer, ‘want op muzyk draacht taal fierder.
En foar it sjongen fan fersen hast minsken nedich. It belangrykste is dat minsken wille belibje oan muzyk.’ Van der Meer hat in soad dien mei taal en muzyk. Hy skreau fjouwer musicals en makke teksten en muzyk foar it Berne-iepenloftspul, hy wie de oprjochter fan kroechkoar Auke Roukes, en ek fan it Kwartettekoar, dêr’t it sjongen fan moderne tsjerkelieten sintraal stiet. Yn jannewaris is de bondel Hertslach útkommen, in sjongbondel mei Fryske religieuze lieten, op inisjatyf fan it Kwartettekoar. Yn dy bondel steane benammen lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam. Van der Meer is ek ien fan de driuwende krêften achter de tsjinsten fan Nijkleaster. ‘Ik fiel my thús by de útgongspunten fan Nijkleaster: stilte, besinning en ferbining.’ En dêrmei is de sirkel rûn.
Troch Ciska Noordmans
Foto: Hoge Noorden
Ut: heit&mem nr. 1 2019