Zoek op inhoud
Noait in dei sûnder diabetes
Diabetes. Ast it hast, hast it foar altyd. Eltse dei prikke, rekkenje, iten weagje en alert wêze. Hoe is dat, as dyn bern fan 5 jier diabetes hat? Of in sportyf famke fan 13? Hoe witst datst it hast en wat komt der oan te pas? “Kinst der âld mei wurde”, hearre de âlden fan Rianne en Ilan gauris. ‘Dat is wier, mar bist ek gjin dei sûnder.’
Wat bisto moai ast lilk bist
In gûlend bern dat op ’e grûn yn ’e supermerk foar it rek mei snobbersguod leit te spinfuotsjen fan lilkens. Dat wolle je as heit of mem leafst net meimeitsje. Dochs is lilk wêzen hiel goed. ‘It is in oerynstinkt dat wy absolút net tsjinhâlde moatte’, fynt bernecoach Tea Adema. ‘Echt goed lilk wêze is eins hiel moai.’
De boekrecensie van Elske: "It aldermoaiste trekkerboek"
We lezen het boek voor aan Tije , Tije is 14 maanden en vindt boeken zeer interessant. Als het boek bij ons op de mat valt gaan we direct even kijken. Een hele grote trekker op de voorkant, Woww!
Boekresinsje fan Amanda: 'It aldermoaiste Trekkerboek'
Us beide jonges binne sljocht op trekkers en alles wat mei trekkers en de buorkerij te krijen hat, dus doe’t frege waard oft immen It aldermoaiste Trekkerboek foarlêze woe, wiene wy daalks entûsjast.
De mannen ha it boek earst sels ris efkes besjoen en alles ûntdutsen wat ûnder de flapkes sit. Jûns ha we it meielkoar lêzen.
In lichem en geast fol antennes, heechsensityf
Nachts heart se ferhalen út 'e keamer fan har lytse famke kommen. Se werkent de dingen dy't oerdeis bard binne. ‘Jonkje fertriet’, heart se, en tinkt dan oan it televyzjeprogramma dat se tegearre sjoen hawwe, wêryn‘t in lyts berntsje gûle moast. ‘Mem baby yn 'e búk.’ Ja, dat wie noch wol it meast nuvere, dat koe se ommers net witte! Janny van der Veen (36) hie twa dagen dêrfoar de swangerskipstest dien en se wist sels noch mar krekt dat de twadde op komst wie. Mar Lieke, har famke fan 2,5 jier, dy hat antennes dy't net elkenien hat. Dêr is Janny al lang achter.