Zoek op inhoud
De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe
Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei.
De 10 beste foarlêstips!
Foarlêze is in feest! Oerdeis of foar it sliepen gean, it kin allegear en dyn bern sil dat spesjale momint altyd by him hâlde. Foarlêze hat ek nochris in posityf effekt op de wurdskat, spelling en tekstbegrip. Hjir in oantal handige tips om it measte der út te heljen.
Spultsjes dwaan - Kinsto oer dyn ferlies?
Noch ien stapke mei de pion en do hast it spultsje Mens erger je niet wûn! Wylst sels bliid de hannen yn ’e loft stekst, sjochst oan tafel twa lilke bern sitten. De âldste rint stampfuotsjend de keamer út en de jongste smyt frustrearre syn piontsjes op de grûn. Einiget spultsjedwaan by jim thús ek altyd sa? Efkes trochlêze, want Annetol Griskov fan de Spellekijn jout dy graach 5 tips om fan spultsjedwaan in feestje te meitsjen.
Pake Eelke hat in streekje foar
As lyts jonkje stie Eelke van der Weij (75) yn de winter hast alle dagen op it iis. Tsjintwurdich stiet er oan de kant by Thialf om nei syn pakesizzer Danique (8) te sjen. Danique is sljocht op reedriden, krekt as de oare pakesizzers Fimke (8) en Brecht (6). Pake Eelke hat letterlik en figuerlik in streekje foar.