De leafde, dêr kinne wy noait tefolle fan ha. Wistest dat der ek hiele leave boekjes yn it Frysk ferskynt binne oer de leafde? Besjoch hjir ús top 5.
Sjoch hjir foar mear kadootsjes foar dyn leafste.
DE 5 LEUKSTE FRYSKE BOEKJES OER DE LEAFDE
Leafste leave In leuk kadoboekje mei gedichtsjes en quotes oer de leafde. |
|
Ik bliuw by dy In leaf boekje op rym oer echte freonskip. |
|
Mol hat in geheim Mol fynt syn nije freondintsje Mûs wol hiel spesjaal. Hy hâldt har geheim, want hy wol har mei gjinien diele. Mar der binne geheimen dy’t allinne mar moaier wurde ast se mei oaren dielst. |
|
Omdat ik sa wiis mei dy bin Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: wêr’t de lekkerste fisken swimme, hoe’t in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear’t de sinne en de moanne oan de himel steane. Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sûnder dat it gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy’t Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol… In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern. |
|
|
Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? Soms, ast in hiele, hiele protte fan ien hâldtst, wolst dúdlik meitsje hoe grut dyn gefoelens binne. Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze krije yn ‘e gaten dat it net maklik is om te mjitten hoefolle ast fan ien hâldst! Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek. |