‘De Goargels – yn ‘it Frysk’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne juny.
No ek yn it Frysk! Dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees. De Goargels heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan it lân.
De Goargels
Midden yn ’e nacht wurdt Melle wekker. Der sit in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. It liket wol in boltsje wol, mei earmkes en skonkjes en twa hierrige, puntige earen. Mar as Melle it ljocht oandocht, is it wêzentsje fuort. As er der op skoalle oer fertelt, laitsje se him allegear út. Sels heit, dy’t biolooch is, seit dat it ûnsin is, dat sokke wêzentsjes net bestean. Mar Melle wit seker wat er sjoen hat …
Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. ‘De Goargels’ is syn earste berneboek.
It boek is foar te lêzen oan bern fan 5 jier ôf en sels te lêzen fan 8 jier ôf.
‘De Goargels’ is foar € 17,99 hjir online te bestellen.
De resinsje fan Marrit Jongbloed:
“It boek giet oer Melle, in snoad jonkje mei krollen en supereagen, dy’t midden yn ‘e nacht wekker wurdt fan in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. Dat blykt Bobba te wêzen, in Oppasgoargel dy’t nachts oer him de wacht hâldt. Dat is nedich om derfoar te soargjen dat Brutelers, mei harren azem dy’t nei switlucht stjonkt, der net foar soargje kinne dat bern siik wurde.
Der driget gefaar troch de komst fan Grienlânske Brutelers nei ús lân en Melle moat der yn gearwurking mei syn heit, pake en de oare Goargels foar soargje dat dy aaklike wêzens tsjinhâlden wurde. Mar soe dat harren wol slagje…?!
It is in prachtich boek om (foar) te lêzen en it nimt dy mei yn de fantasyrike wrâld fan de skriuwer. Wannear’t je de komyk en heit Jochem Myjer in bytsje kenne, dan fine je in soad fan wat him dwaande hâldt werom yn dit boek. Dêrom is it foar folwoeksenen stikem ek wol hiel leuk om út dit boek foar te lêzen.
De sinnen binne maklik te lêzen en je leare sels ek noch it ien en oar oer de natoer. De tekeningen fan Rick de Haas meitsje it boek lekker boartlik en kleurryk, wêrtroch’t de bern in goed byld krije fan it ferhaal en harren fantasy dêrop loslitte kinne.
Myn soan Hidde (4 jier) fûn foaral de tekening mei de haai dy’t oan it plafond fan it museum hinget hiel moai en spannend. As er aanst wat âlder is, sil er dit fêst in geweldich boek fine, omdat hy krekt lykas Melle fan de natoer hâldt. Mar foar no is it dochs noch in bytsje te spannend…
Ik hoopje nei it lêzen fan dit boek dat ek de oare boeken fan Jochem Myjer oer de Goargels gau oersetten wurde nei it Frysk, omdat soksoarte fan boeken derfoar soargje dat ek bern fan 6-9 jier âld wolris in Frysk boek lêze wolle!”
Ynsjochfilmke!
Memory by it boek ‘De Goargels’
Op ûndersteande printabels binne ôfbyldingen út it boek De Goargels te finen. Knip de ôfbyldingen út en brûk se om memory mei te boartsjen!
Nifelje!
Op side 15 yn it boek brûkt Melle syn ’toverkiker’ (in fierrekiker) om fûgels better besjen te kinnen. Lit dyn bern in eigen toverkiker nifelje. In dit filmke wurdt toant hoe’t der fan twa wc-rôltsjes en in lúsjefersdoaske ynfâldich in fierrekiker makke wurde kin.
Tip! Gean mei dyn bern nei bûten en lit harren, lykas Melle en syn heit, fûgels spotte mei harren nije toverkiker!