Zoek op inhoud

De measte âlden hawwe it dêr leaver net oer mei harren bern. Mar tagelyk wit ek elkenien dat it wol belangryk is dat bern op in normale en sûne wize mei harren eigen lichem en seksualiteit omgean leare. Mar hoe soargest dêrfoar, sûnder daliks alles iepen en bleat op tafel te lizzen?

1. Begjin betiid

    Wachtsje net oant de middelbere skoalle mei ‘it gesprek’. Op dy leeftiid hawwe se meastal al in soad heard en sjoen en binne der ek allegear emoasjes en gefoelens by belutsen. Op in jongere leeftiid stiet it noch wat fierder fan harren ôf en kinne se der iepener oer prate. Heakje yn op de tûzenen fragen dy’t in jong bern dochs al stelt, en jou earlik antwurd. Bern wolle witte hoe’t it sit, krekt as by alle oare ûnderwerpen.

    2. Pas dy oan it bern oan

      Hoechst oan in 3-jierrige net fuort it hiele systeem út te lizzen. Op dy leeftiid is it al genôch om te ûntdekken dat der in ferskil is tusken famkes en jonkjes (betink eefkes hoe’tst de ‘dingen’ by de namme neame wolst). Letter komme der sûnder mis fragen lykas: ‘wêr kom ik wei?’, ‘hoe kaam ik út de búk?’, en de hamfraach: ‘hoe kaam ik dêryn?’. Wês yn it antwurd op dy lêste fraach ek dúdlik en beneam alles sa’t it is. Net allinne de plastyske saken, mar ek dat it de bedoeling is dat it fijn is en dat minsken it dogge as sy elkoar leaf fine. 

      3. Ljochtsje se foar

        Begjin ek al fan jongs ôf oan mei de grinzen en regels om seks hinne. Dat sy de baas binne oer harren eigen lichem, dat se altyd ‘nee’ sizze meie (dat begjint al betiid, as tante graach in tútsje ha wol) en dat it prima is om oan dyn pimeltsje te sitten, mar dat dat net oeral kin. Letter wurdt it belangryk om harren mei te jaan datst oppasse moatst mei social media, dat net elkenien is wa’t er seit dat er is en dat net elkenien de bêste bedoelingen hat. En fertelst se fansels ek wat se dwaan moatte om net te betiid heit of mem te wurden, of in ferfelende (geslachts)sykte op te rinnen. Der binne ek moaie foarljochtingsboekjes te krijen dy’t op in leuke wize ynformaasje jouwe.   

        4. Hâld it luchtich

          Meitsje it net te dreech. As fragen ek mar in bytsje seksueel relatearre binne, fine folwoeksenen it al gau ûngemaklik wurden. Mar troch it ûnderwerp te mijen, makkest it al gau beladen en joust ûnbewust mei dat it net besprekber is. Troch gewoan antwurd te jaan, krije bern mei dat der neat is om dy foar te skamjen. Dat sy prima by dy komme kinne mei dit soarte fan fragen. En it belangrykste: dat seks wat moais is dêr’tst fan genietsje meist. 

          Bertefotografy: emoasjes yn byld

          Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.

          sa prate wy thús

          Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

          Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

          Sa lêze wy: Eke en Doete

          Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.

          Panorama

          We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
          Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
          De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
          Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?

          Dit artikel stond in:

          Heit & Mem

          2021 #1

          Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

          Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

          Bekijk magazine