Sa prate wy thús: Marijke en Roger
Marijke Hensler wennet mei har man Roger, harren dochter Olivia Arizona (6) en harren soan Joshua Phoenix (5 moanne) op ’e Jouwer. Har man Roger komt oarspronklik fan, jim riede it al, Phoenix Arizona yn Amearika.
Marijke: ‘De âlders fan Roger syn beppe wienen Friezen en binne oait ferhuze nei Amearika. Yn de simmer fan 2000 kaam Roger mei syn famylje nei Fryslân ta om te sjen wêr’t syn foarâlders weikomme. Syn beppe is in achternicht fan myn beppe en sa kaam er destiids by ús op besite. Wy wienen doe beide 21 jier en ús heit sei tsjin my dat ik mar efkes mei him der op út moast. Sa gongen wy tegearre op stap en fan it iene kaam it oare. Wy hawwe earst oardel jier in langeôfstânsrelaasje hân en doe is er yn Nederlân kaam te wenjen.
Doe’t wy elkoar krekt koenen, praten wy fansels altyd Ingelsk mei elkoar. No prate wy tachtich prosint fan de tiid Nederlânsk mei elkoar. Ek as de bern derby binne, prate wy altyd Nederlânsk. Mar is Roger allinne mei de bern, dan praat hy Ingelsk. En as ik allinne bin mei de bern, dan praat ik Frysk tsjin se. Mar ik moat earlik sizze, Olivia har Ingelsk is better as har Frysk. Se kin it wol, mar se praat it hast net werom. Roger fynt it hiel belangryk dat Olivia har Ingelsk goed is. Sels har Netflix stiet op Ingelsk ynsteld. Hy wol dat sy goed mei syn famylje kommunisearje kin. Doe’t Olivia 5 jier wie, hawwe wy fjouwer wike nei Amearika west. Dêr learde se it Ingelsk hiel flot. De minsken dêr fûnen it prachtich en wûnderbaarlik dat sa’n lyts famke sa goed Ingelsk koe en dêrneist noch twa talen prate koe.
It falt foar my net altyd ta om yn it Frysk tsjin de bern te praten. As ik allinne mei se bin of by myn eigen Fryske famylje, dan giet it wol. Mar at Roger derby is, of se prate yn it Nederlânsk werom, dan skeakelje ik sels faak ek wer oer op it Nederlânsk. By ús soan wol ik echt besykje om dat net mear te dwaan. Ek freegje ik wol oan oaren, lykas bygelyks de liedsters op it bernedeiferbliuw, om Frysk tsjin Olivia te praten, mar ik ha noch noait heard dat se dat dienen. Eins wol spitich. Mar se ferstiet it teminsten en se kin it ek wol prate hear. Soms hat se fan dy dagen, dan seit se tsjin my: “Mem, hjoed praat ik de hiele dei Frysk!”’
Troch: Dieuwke van der Meer
Foto: Hoge Noorden
Meertaligheid, een uitzondering?
Integendeel! Opgroeien met één taal is eerder een bijzonderheid. Alleen al in Europa wonen 50 miljoen mensen die iedere dag twee of meer talen spreken.
Sa prate wy thús: Pyt en Mariann
Pyt (65) en Mariann (45) Kloosterman wenje mei harren dochter Csenge (3) yn Drachten. Heit Pyt praat Frysk mei Csenge en anya (mem) Mariann brûkt har memmetaal Hongaarsk mei Csenge. Underling prate Pyt en Mariann Nederlânsk.
Twee- of meertalig opvoeden
Is het een uitzondering om twee- of meer talen te spreken? Juist niet! Alleen al in Europa wonen meer dan 50 miljoen mensen die meer dan één taal spreken. Taal is mooi en bijzonder. Wat zijn de voordelen? En zitten er ook nadelen aan? Hoe gaan mensen thuis en op school om met meertaligheid? Op deze pagina vind je tips en achtergrondinformatie over deze zaken.
Meertalig opgroeien gaat niet vanzelf
Marinella Orioni komt uit Nederland, woont al jaren in Parijs en voedt haar twee kinderen drietalig op. Drie talen inderdaad! Waarom heeft ze hiervoor gekozen? En hoe gaat dat in de praktijk, meertalig opvoeden? Marinella schreef er al eerder een boek over en komt nu met een nieuw boek: ‘Het meertalige kind. Een eerste kennismaking’.