Zoek op inhoud

Magazines

Heit & Mem

2019 #6

De NIPT-test: welke keus maak jij?

Wel of geen prenatale screening van je nog ongeboren kindje: al bij het allereerste telefoontje naar de verloskundige, wanneer je vertelt dat je zwanger bent, krijg je de vraag voorgelegd. En al vroeg in de zwangerschap zul je de keus moeten maken. Kies je voor de NIPT-test, of niet? Een aantal vrouwen vertellen ons waarom ze juist wel of niet de test lieten doen. Sóms blijft de twijfel bestaan.

8 tips foar in poppeslokparty! (kraamfeest)

Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders dy fiele mear foar ien grut kreamfeest; in poppeslokparty! Hoe’st dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy tsien tips!

Fit de kreamtiid út

Ast krekt befallen bist moatst der wierskynlik noch hielendal net oan tinke om te sporten. Do hast fansels krekt in prestaasje op wrâldnivo levere. Dyn lichem hat noch nea sa field as no en miskien twifelest der sels oan oftst oait dyn normale ‘fitte’ liif wer weromkrijst. Dochs is it oan te rieden om nei de befalling wer gau yn beweging te kommen. In soad jonge memmen ûnderfine nammentlik dat it herstel nei de befalling better ferrint troch te sporten. Dêrom hjir wat tips oer wat wol en net oan te rieden is by sporten nei de befalling (okee, litte wy it ‘bewegen’ neamme).

Sa prate wy thús: Marijke en Roger

Marijke Hensler wennet mei har man Roger, harren dochter Olivia Arizona (6) en harren soan Joshua Phoenix (5 moanne) op ’e Jouwer. Har man Roger komt oarspronklik fan, jim riede it al, Phoenix Arizona yn Amearika.

Byinoar sliepe yn it famyljebêd

De minske is eins it iennige sûchdier dat syn bern yn in oare keamer sliepe lit. Der binne lykwols hieltyd mear âlders dy't de kar meitsje om wer byelkoar te sliepen. Op ús Facebook-berjocht mei de fraach wa’t thús in famyljebêd hat, krige heit&mem hast twahûndert reaksjes! Fan: “Ben je gek? Dan doe ik geen oog dicht!”, oant: “Wij koese lekker byelkoar!"

De kribels fan ekseem

Alle dagen jokte op dyn lichem. Moatst der net oan tinke. Dochs binne der in hiel soad poppen dy't al jong lêst krije fan ekseem. ‘Fan de bern tusken de 0 en 1 jier krijt sa’n 14 prosint ekseemklachten’, fertelt genêskundestudinte Sietske Veenje. Mar gelokkich is der wat te dwaan tsjin dat kribelmeunster.