Zoek op inhoud

Jelle van der Veen út Ljouwert lêst mei Indy (2 jier) en Syb (7 moanne)

‘It foarlêzen bringt ús struktuer yn ’e dei: alle jûnen foar it sliepengean lêze wy in ferhaaltsje. Nei it toskpoetsen wit Indy wat der komme sil en siket se gau in boek út. Meastentiids in boek dat heit foarlêze moat, én in boek foar harsels, sadat sy ek sels “foarlêze” kin. Har favorite boek is “Het allerleukste voorleesboek van Muis”, “Coco” en de boekjes fan Stip. Dy boeken hawwe prachtige tekeningen en moaie ferhalen.

Ek al binne it Nederlânske boekjes, se wurde fuortendaliks yn it Frysk oerset. Handich, no’t de bern noch net sels lêze kinne. Oerdeis hearre de bern sawol Frysk as Nederlânsk, mar it foarlêsmomint is ien fan de seldsume mominten fan ’e dei dat der allinne mar Frysk praat wurdt. Ik lês dêrom it leafst sels foar, yn ’e hoop dat de bern dêrmei it Frysk oppikke en it sels letter ek prate sille. It foarlêzen fine wy hiel wichtich foar de taalûntwikkeling. Wy hoopje dat se it as se grutter wurde noch hieltyd moai fine om te lêzen.

It foarlêzen is foar ús ek in momint fan ferbining mei-inoar. Folsleine fokus om de dei mei ôf te sluten. Wy lêze op Indy har sliepkeamer, sadat se al wat ta rêst komme kin. Mar ek oerdeis pakke wy der faak in boekje by. Wurdsjes leare, plaatsjes oanwize – moai om te sjen hoefolle wille Indy dêrmei hat!’

Wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl

Tekst en foto: Nicky Bosma

Sa lêze wy thús: Baukje Snieder

Baukje is troud mei Wymer. Soan Mads is yn maaie 3 jier wurden en yn juny krijt Mads in lyts broerke.

Fryske berneboeken op tema

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!

Linda de Haan

Linda de Haan, de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

Linda de Haan is fan jannewaris 2026 ôf trije jier lang Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy jout de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht. Linda is de tredde BBA en bysûnder is dat sy neist skriuwer en ferhaleferteller ek yllustrator fan berneboeken is.

Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Lisanne

O nee, in de stal van de koning is niks te zien! Waar is zijn vriend, het paard, gebleven? Ook de stalmeester kan zijn vriend niet vinden, de koning voelt heldenmoed opkomen en besluit zijn vriend buiten de poort te gaan zoeken. Daar botst de koning direct tegen de draak aan die ooit zijn billen eraf hapte. Ssssst! Maak hem niet wakker! Maar wat is dat voor geluid?

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #2

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
Folle mei hertferwaarmjende ferhalen foar alle heiten, memmen en opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier 👶👧🧒

Yn dit nûmer:

❄️ In moaie wintergelok-poster om út te knippen
🏡 Ynterviews mei bern út Gytsjerk – oprjocht, grappich en ferrassend
💞 Bonusâlders anno 2025, hoe giet dat?
❤️ Oer hoe’t Naomi in twadde thús fynt by in steungesin
🎨 Ynterview mei berneboeke-skriuwster Mirjam van Houten
🎣 Ynstjoerde foto’s fan fiskjende bern
🚂 Gesellige útstapkes yn Fryslân fan Kidsproof
👶 Oer hoe’t je mei in ‘moeder-geassisteerde keizersnede’ sels dyn poppe út de búk tille kinst
🫄🫄 Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
💊 Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat?
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
🎨 Nifelje mei boekelizzers – kreative knutselwurkjes fan Cheryl
📚 De nijste en moaiste Fryske berneboeken!

En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!

Bekijk magazine