‘Memmy. de postboade hat in kadootsje brocht.’ Tegearre mei ús Jelte pak ik it pakketsje út, wat in feest. ‘Oh yes isse Stip’, is syn earste reaksje. We begjinne daliks te lêzen.
Stip is in leaf en ûndersykjend hûntsje, dat somtiden ek hiel ûndogensk wêze kin. Yn dizze foarlêsbondel belibbet Stip ferskate aventoeren. Sa giet er te picknicken, op sikebesite en nei de merke, plantet er siedsjes, kampeart er en docht er in spultsje.

De ferhalen fan Stip sprekke ta de ferbylding fan jonge bern. It boek is tige geskikt foar pjutten en beukers. De aventoeren dy’t Stip belibbet, stean ticht by harren eigen wrâldsje en binne dêrom tige werkenber. Jonge bern leare troch de ferhalen fan Stip wurden te jaan oan de aventoeren dy’t se sels belibje.
De yllustraasjes yn it boek binne prachtich foarmjûn. Der is in soad te sjen en se binne hiel fleurich. Alle kearen ûntdekt ús pjut wer wat nijs. We meitsje der somtiden sels in sykspultsje fan, wêrtroch’t er noch mear wurdsjes leart dy’t by de ferhalen passe.
Us jonkje fan trije mei graach de ferhaaltsjes fan Stip lêze en belibje. Yn syn boekekast stiene al ferskate boekjes oer Stip. It binne koarte ferhaaltsjes, prachtich om foar te lêzen foar it sliepen gean. Of krekt foardatst mei dyn pjut itselde aventoer as Stip belibje silst. It is in moaie oanfolling foar elke boekekast.

Dizze kleurrike foarlêsbondel is ek goed te brûken by de tema’s dy’t yn de beukerklasse oan bod komme. In prachtich boek om te brûken by de mominten Frysk yn ’e klasse. Dêr wurd ik as learkrêft dan ek hiel bliid fan. Ik sil myn beukerkollega’s hjir ek grif op attint meitsje.
Koartsein: dit fleurige boek fol mei werkenbere ferhalen soe yn de boekekast fan elke pjut en beuker yn Fryslân stean moatte. Ideaal foar it deistige foarlêsmomintsje foar it sliepen gean. Wat is der no moaier as tegearre op aventoer gean yn in prachtich boek?!
Marlies Lijcklama à Nijeholt út Stiens
Mem fan Jelte (3 jier)

Stip syn moaiste ferhalen
Seis fan de moaiste Stip-ferhalen!
Lês hoe’t Stip en syn freonen picknicke, in nij spultsje dogge, pake helpe yn ‘e tún en noch folle mear!

Resinsje Stip yne brânspuitauto troch Hermien
“Stip yn ’e brânspuitauto” is in berneboek, skreaun troch Eric Hill. It ferhaal folget Stip, de jonge hûn. Stip wol krekt as syn pake brânwacht wurde. It boek nimt de jonge lêzers mei op aventoer. It ferhaal giet oer de aksjes fan de brânwacht. De kleurige yllustraasjes bringe de personaazjes ta libben en meitsje it ferhaal tagonklik en oantreklik foar bern.

De Fryske babyboeken top 5!
Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die als baby (vanaf drie maanden) al worden voorgelezen, het later beter doen op school. Al na vijftien maanden zin er positieve effecten op de woordenschat.

Hyltje: Sa lêze wy
Hyltje Bosma: “Al sûnt Abe krekt 1 jier wie, lêze wy alle jûnen foar it sliepen gean in ferhaaltsje. Sûnt koarten kin dat lekker op it “grutte bêd” yn syn nije junglekeamer. In momintsje fan rêst en lekker krûpe mei heit of mem. Abe mei sels it ferhaaltsje kieze. Op it stuit binne it boekje fan Tomke en de bijen en it ferhaaltsje fan Dropke en Mintsje út It Grutte Foarlêsboek favoryt.