
Boekresinsje ‘Stip syn moaiste ferhalen’ troch Maaike
It is freed, it ein fan wer in nije skoalwike. Redmar hat krekt syn boarter útswaaid en faak brûke wy dat momint om efkes te ûntprikkeljen troch it lêzen fan in boekje. En krekt hjoed hat de postboade ús in nij boekje brocht!
Redmar mei it boekje útpakke en sjocht al fuortendaliks in foar him bekend figuer: Stip! Dêr ha we wol mear ferhaaltsjes fan lêzen en dat wie hieltiten wer in grut sukses.
“Stip syn moaiste ferhalen” is in soarte fan omnibus mei seis ferskillende, werkenbere ferhaaltsjes. Stip giet bygelyks nei de merke, te kampearjen mei syn freonen, te picknicken, nei it sikehûs, oan ’e slach yn ’e grientetún of hy docht in spultsje. It binne koarte ferhalen, perfekt foar de spanningsbôge fan in pjut/beuker.

De boeken fan Stip steane derom bekend dat yn de tekeningen altyd noch in soad oare ferhaaltsjes sitte, wêrtroch ast it ferhaaltsje sels noch fierder útwreidzje kinst.
Redmar mei in ferhaaltsje útsykje. De earste kar falt op it kampearferhaal. Dat resultearret der yntusken yn dat hy dat ferhaaltsje thús neiboartet: mei twa stuollen en wat kleden bout er syn eigen tinte.
It ferhaaltsje oer de sikebesite is favoryt en lêze we wilens kear op kear. At dat no komt omdat mem ek yn it sikehûs wurket of omdat hy it ferhaaltsje op himsels gewoan hiel grappich fynt (of beide?), wyt ik net.
Belangryk om te witten: de siden binne net fan ferstevige karton (sa as oare Stip-boeken wol binne), dus net geskikt foar lytse babyhantsjes. Mar nettsjinsteande dat wol hiel geskikt foar de lytskes om ek mei te lêzen, troch de prachtige kleure siden yn it boek. Jurjen koe syn eachjes der yn elk gefal hast net fan ôfhâlde.

Al mei al in prachtich boek om yn ’e hûs te hawwen ast jonge bern thús hast. Om’t der seis ferskillende ferhaaltsjes yn stean, soest elke dei dus in oaren lêze kinne.
Maaike Dillema, mem fan Redmar (4 jier) en Jurjen (10 moanne)

Stip syn moaiste ferhalen
Seis fan de moaiste Stip-ferhalen!
Lês hoe’t Stip en syn freonen picknicke, in nij spultsje dogge, pake helpe yn ‘e tún en noch folle mear!

Jierdeikalinder foar pjutten- Resinsje Sietske
Resinsje Jierdeikalinder toch Sietske – mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma

Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!
Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?
Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!

Boekresinsje fan Tineke: ‘Kinst net sliepe, Lytse Bear?’
Koartlyn ha ik mei beppesizzer Björn it beareprinteboek besjoen, supergesellich! Hy is gek op boeken. It boek giet oer Grutte Bear en Lytse Bear.

De Fryske babyboeken top 5!
Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die als baby (vanaf drie maanden) al worden voorgelezen, het later beter doen op school. Al na vijftien maanden zin er positieve effecten op de woordenschat.