Zoek op inhoud

Resinsje Pim en Pier troch Baukje

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins dy’t smoarferlyfd opelkoar binne en hiel graach tegearre in lyts pykje ha wolle. In babypinguin, wêrmei ’t se fiskjes sline kinne, búkglydzje kinne op it iis en swimme yn ’e see. Mar hoe moatte se dat ha?

Neffens Pier is it ûnmooglik ‒ ‘Wy binne mantsjepinguins, dy lizze gjin aaien en dus kinne wy ek gjin aai útbriede’. Mar Pim jout de hoop net op. Der moat dochs in manier wêze!

As in oare mantsjepinguin gûlt, om’t syn wyfke net ien, mar twa aaien lein hat en hy mar ien útbriede kin, krijt Pim in idee. Sille Pim en Pier ien aai útbriede en dat pykje tegearre grutbringe? De oare mantsjepinguin is hiel bliid mei it oanbod en Pim en Pier meie ien aai útsykje. De twa briede om ’e beurt, oant der in griis-brún, dûnzich pykje út it aai komt. De moaiste fan de hiele koloanje, dy’t waggelet, búkglidet, swimt en fiskjes yt. Syn twa heiten binne o sa wiis mei him.

Us dochter Silke (3) fynt it in hiel leuk printeboek. Se woe it daliks in pear kear achterelkoar lêze en pakt it der ek no geregeld wer even by. It boek is foar bern fan 3 oant en mei 5 jier, mar ek grutte sus Lianne (6) lústert oandachtich nei it ferhaal. It is oandwaanlik, twa mantsjepinguins dreame fan in lyts pykje en dy dream wurdt werklikheid. Lianne fynt it ek bysûnder dat de mantsjepinguin dy’t sa’n fertriet hat ien aai fuortjout (‘Dat is aardich’). Silke fynt foaral it lytse pykje hiel skattich (‘Ik wol ek sa’n lyts pykje ha’).

De tekeningen yn it boek binne prachtich. Silke en Lianne fine se hiel grappich. Ek leuk is dat it aai net yn ien kear útkomt, mar stapsgewiis. Dat soarget foar in aardich ferrassingselemint (‘Sjoch mem, syn snaffel!’). Dat dit boek ynspirearre is op in wier bard ferhaal, is ek bysûnder. Yn in Berlynske dieretún bretten ek ris twa mantsjepinguins tegearre in aai út en dat skynt sawol yn dieretunen as yn it wyld geregeld foar te kommen. Wat ús betreft in waarm famyljeferhaal mei prachtige tekeningen en dus seker in oanrieder.

Baukje Lemke, mem fan Lianne (6) en Silke (3) út Menaam

Pim en Pier

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje ha wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?

In waarm printeboek, ynspirearre op in wierbard ferhaal.

Leeftyd: 3 – 5 jier.

Resinsje fan Maaike: Tys & Teske foarlêsboek

Oan it ein fan de simmer falt der in nij boek op de matte. It is it boek fan Tys en Teske. By Jurjen al wol bekend fan de berne-opfang. “Tys, Tys!” ropt hy fuortendaliks at we it papier om it boek weihelje. Op de foarkant fan it boek sitte Tys en Teske yn in selsboud fleantúch, wat ek wol op goedkar rekkenje kin fan ús Jurjen.

De recensie van Sytske Anne: Tys en Teske foarlêsboek

Het Tys en Teske-voorleesboek is een vrolijk, gevarieerd en herkenbaar voorleesboek, geschreven voor peuters en jonge kleuters. Het boek gaat over de twee vrolijke vriendjes Tys en Teske. Het begint met een liedje en bevat daarnaast 25 korte voorleesverhalen die aansluiten bij het dagelijks leven van jonge kinderen. Ieder verhaaltje beslaat twee pagina’s, met één grote kleurrijke afbeelding of één grote en één kleine afbeelding.

it waad

De recensie van Patricia: It Waad

Als echte Waddenliefhebbers waren we meteen ontzettend blij toen we dit Friese kinderboekje over de Waddenzee in handen kregen. Dat begon al bij de omslag: heerlijk kleurrijk en voor ons een feest van herkenning. De lepelaar en de vuurtoren zorgen direct voor een vrolijke en aansprekende binnenkomer.

De resinsje fan Wytske Jongbloed: Ate en de seeheks

Klifmantsje Ate, of moatte wy sizze klifwyfke Atalanta of Atsje, wennet yn it wite klifhûs oan it Marderklif. Op in dei bringt postdo Hipke him in wichtige brief fan syn omke Simen. Omke Simen hat lêst fan rinneritus en hat dêrom de help fan Ate nedich. Om te helpen moat Ate wol in besite bringe oan de gefaarlike seeheks yn Laaksum…