Zoek op inhoud

Resinsje Heity, help! troch Sita

Bzzz… bzzzz… Och ja hear, ferskriklik, wer sa’n dikke mich. It ôfrûne seizoen hawwe de measten fan ús dêr wol wer ris lêst fan hân. Lizze hja krekt lekker rêstich op bêd, begjint dat brommende gegûns wer. Mar hawwe jo jo wolris ôffrege hoe’t in mich dat sels belibbet?

It boek begjint mei de mich dy’t bûten sit en earne in hûs sjocht; lekker drûch en waarm en mei de ramen iepen. Dat is wis in útnûging! Of net?

            “Gau deryn, ’t sil my benije wat dêr te belibjen is”

Binnen treffe we Hidde en syn heit. It is al bedsjekoestiid en Hidde moast him klearmeitsje om sliepen te gean. Heit is wat útblust fan de dei en kin eins net wachtsje om ek even lekker te chillen. Mar dêr komt er fuort net oan ta!
At Hidde goed en wol op bêd leit, lit de mich fan him hearre. Hidde skrikt derfan; wat binne dat foar frjemde lûden? Der sit hjir dochs net in meunster? Hidde raast dat heit komme moat. Heit siket en siket, mar in meunster of oar raar bist wurdt net fûn. De mich is lykwols nochal striidlustich en lit him net samar pakke.

            “Wy sille sjen wa’t fan ús beiden hjir hjoed de aldersterkste is…”

Heit jout him sûnder syn doel berikt te hawwen wer ôf nei ûnderen om de rest fan it hûs op te rêden foardat er aanst dan einlik langút op de bank kin. Hidde besiket him del te jaan, mar dan… HEITY! HELP!! Dêr is dat rotbist wer! Heit fljocht wer nei boppen en tegearre mei Hidde jaget er no op de mich. Allegearre kaprioalen hellet heit út om dat rottige bist te pakken te krijen. Heit wurdt hieltyd grimmitiger en ferliest himsels yn de syktocht. Hy sil him krije, dat smoarge bist! Hidde krûpt mar gau op bêd en hopet dat dat in feilich plakje is. Oft it heit slagget, of dat er belies jaan moat, dat moatte jimme sels mar lêze.

“Moatst ris sjen hoe’t hy derby leit, ferdwaasd en sleau, dêr op ’e flier.”

Dit kleurryk yllustrearre boek nimt de lêzer echt mei yn it ferhaal, ynklusyf it eachpunt fan de mich. Dat wurdt hiel handich en moai werjûn troch it gebrûk fan ferskillende lettertypen en ek mei de tekeningen! In werkenber ferhaal en in echte oanrieder!

~

Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (8) en Sipke (6)
Sljocht op boeken, (foar)lêzen en taal yn it algemien

De boekresinsje fan Sita: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

De resinsje fan Sita: De Bjusterbaarlike Baron

Heity! Help!!

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange kinne. Of fuortjeie.

Mar oft dat slagget?