Ditkear foel der in skitterjende klassiker by ús yn ’e bus: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?. En dan ek noch ris in hiele moaie hânsume kartonnen útfiering.
Wy hiene de ‘gewoane’ Hollânske útjefte ek al yn de kast stean, mar ús jonges fan 4 en 2 meie ek graach sels boekjes ‘lêze’ en dêr is dit kartonboekje tige geskikt foar! De hurde siden meitsje it allegear krekt wat makliker en it boekje bliuwt der moai by. It printeboek is foarsjoen fan sêfte kleuren dy’t goed passe by de waarme yntinsje fan it ferhaal.
Under it foarlêzen wiene ús beide mantsjes earst al wat yn ’e war: “Mar mem, dat is toch Hazeltje? En net watsto seidest…” De útlis dêrfan is mar heal hingjen bleaun, sadat ik no gauris hear: “Mem! Sille we dat boekje fan Hazeltje dy’t gjin Hazeltje hjit lêze?”
It boek fertelt oer Lytse Ljochtbrune Hazze dy’t oan Grutte Ljochtbrune Hazze dúdlik meitsje wol hoe mâl at er mei him is. Mar ja, hoe dogge jo dat no it alderbêste? At Lytse Ljochtbrune Hazze syn hannen sa wiid mooglik útstrekt, kin Grutte Ljochtbrune Hazze fansels syn hannen noch wider útmekoar krije.
Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze besykje op in soad ferskillende manieren mekoar te fertellen hoe mâl at se mei-inoar binne. Elke kear at Lytse Ljochtbrune Hazze wat betocht hat om mei te mjitten hoe mâl at er mei Grutte Ljochtbrune Hazze is, docht dy der noch krekt wer in skepke boppe-op. Troch dy ‘striid’ leare de bern nei te tinken oer begripen sa as fierder, langer en heger. It boekje nûget ek út om sels ris te sjen wa’t no de earms it fierste útmekoar krije kin, of wa’t it heechste springt.
In fantastysk boek, dat in oanwinst is foar elke boekekast. In boek om mâl mei te wêzen. ‘Sa fier as de moanne – EN WEROM.’
~
Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (4) en Sipke (2)
‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’ is foar € 8,95 hjir online te bestellen.
->Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.