Zoek op inhoud

Pipi-oersetter Martsje de Jong oer ‘Pippi Langkous’

Pippi Langkous, it sterkste famke fan ’e wrâld!

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.

Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol.

Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op ‘e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.

Martsje: ‘Oan it begjin fan it ferhaal is Pippi Langkous acht jier. Mar dit jier wurdt se 75! 75 jier en noch altyd populêr. Dat komt om’t it hiele knappe ferhalen binne. Anargistysk. De humor dy’t deryn sit is universeel. It leuke fan Pippi is dat se rap fan tonge is en de gek hat mei folwoeksenen. De grutte minsken yn it ferhaal binne net te fertrouwen – útsein de mem fan Tommy en Annika dan. De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.’

De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.

 

‘Nei “Karlsson fan it dak” krigen wy it deroer dat Pippi no oan bar wie. Frij flot dêrnei krige ik in tillefoantsje: it moast mar wêze. Ik haw de nijste Sweedske edysje brûkt as boarne. Astrid Lindgren hat yn 1993 noch in kear nei de ferhalen sjoen en dingen feroare. Oarspronklik wie Pippi har heit bygelyks negerkening. Dat kin echt net mear en dêrom hat se dat oanpast. It Sweedsk leit trouwens folle tichter by it Frysk as by it Hollânsk. De sinsbou, de manier fan praten mei-inoar. Dizze Fryske Pippi is suver in lyts wâldpykje: ‘Moatsto ris hearre, bûke!’

‘Ik fyn de sêne geweldich wêryn’t Pippi sels in wurd betinkt: spûnk. Se giet dêrnei nei allegear winkels om te freegjen oft se ek in spûnk hawwe. Want ja, no hat se wol in wurd, mar gjin idee wat it is. Uteinlik fynt se yn har tún in lytse krobbe, dat wurdt har spûnk.’

‘Foar dizze Fryske Pippi mochten we de platen fan yllustrator Carl Hollander brûke. Dy binne echt prachtich. De tekeningen út de Sweedske boeken binne folle platter.
It moaist fyn ik dat Pippi in famke is mei sinnespruten en read hier. Froeger waarden sokke famkes pleage, no wol elk bern eins Pippi wêze!’

Pippi Langkous

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.

De resinsje fan Liesbeth: Pippi Langkous

Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene…

Lêstip fan Keimpe oktober: Pippi Langkous (Frysk)

Yn oktober is it wer Kinderboekenweek en dit jier is it tema ‘Lekker eigenwijs!’. En wa is no it meast eigenwize famke yn de berneboekewrâld? Pippi fansels! Dêrom is de Fryske Pippi dizze moanne de Lêstip fan Keimpe!


Resinsje Pippi Langkous troch Annika

Op in dei kaam der in famke te wenjen yn it ferlitten hûs neist Tommy en Annika: Pippi Langkous hjitte se. Se hie gjin mem mear en har heit wie seekapitein, mar dy hie in ûngelok hân. Doe hie se besletten om yn it hûs te wenjen dat har heit jierren lyn kocht hie: Filla Keakelbûnt.

Skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2020 #2

Yn dizze heit&mem giet it oer de biologyske toskedokter, in pretecho oan hûs, famylj-opstellingen, jong & blyn, oer heit Syb en mem Adriana en fansels oer de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine