Zoek op inhoud

Stel, do kinst net op in natuerlike wize befalle en der moat in keizersneed dien wurde. Dan is der no de mooglikheid om dóchs sels dyn berntsje op ’e wrâld te helpen. Mei in moeder-geassisteerde keizersnede, ôfkoarte as MAC, meist as mem sels de poppe út ’e búk tille, mei help fan de gynekolooch. Yn Fryslân is dat noch net yn alle sikehuzen mooglik, mar dochs binne der hieltyd mear Fryske âlders dy’t dêrfoar kieze. Twa fan harren dienen har ferhaal foar heit&mem. 

‘Ik durf wel te zeggen dat deze bevalling het mooiste moment in mijn leven is geweest’, fertelt Evelien Visser. ‘Ik voelde mij echt in mijn kracht gezet.’ Har earste befalling hat se as traumatysk ûnderfûn. ‘Ons eerste kindje is met 35 weken met een spoedkeizersnee onder narcose geboren. Vijf dagen daarvoor werd de bevalling ingeleid vanwege een zwangerschapsvergiftiging. Ik ben heel ziek geweest en de baby had het zwaar. Toen ik wakker werd uit de narcose kon ik me weinig van alles herinneren.’ It wienen allegear redenen om eins net iens oan in twadde berntsje begjinne te wollen. ‘We hebben het er als ouders beide heel moeilijk mee gehad.’ Doe’t se úteinlik dochs de stap namen foar in twadde berntsje, sette Evelien mei har man Jurriën alles op alles om it trauma te ferwurkjen. 

Ik voelde mij echt in mijn kracht gezet.

‘We kozen bewust voor hetzelfde ziekenhuis en dezelfde gynaecoloog, juist om die eerste ervaring achter ons te kunnen laten.’ Doe’t sy oanjoech by de folgjende befalling graach sels de poppe út ’e búk tille te wollen, wie it net fanselssprekkend dat dat ek barre soe. ‘Daarnaast had ik ook nog de wens om de navelstreng uit te laten kloppen na de geboorte.’ Beide winsken waarden wiidweidich besprutsen, mar it beslút wie net samar naam. Evelien: ‘Ondanks dat dit allesbehalve een standaardprocedure was in het ziekenhuis waar wij bevielen, werd het toch mogelijk gemaakt. Ik ben ze daar ontzettend dankbaar voor, ik realiseer me dat het heel bijzonder is dat wij onze keizersnede zo mochten beleven. Het is voor ons heel helend geweest.’ 

Christina Beerda en har man Sander hawwe trije bern, dy’t alle trije mei in keizersneed op ’e wrâld kaam binne. Nei in spoedkeizersneed en in plande keizersneed wie it Christina har winsk om ôf te sluten mei in MAC. ‘De earste kear mei spoed wie sa yn in roes oan my foarbygien, dat oerkaam my echt. De twadde kear haw ik as hiel rêstich belibbe. Mar pas by dizze tredde kear, doe’t ik de poppe sels út ’e búk tille mocht, hie ik echt it gefoel sels ek wat by te dragen, ûnderdiel te wêzen fan de befalling fan myn eigen berntsje. Ik koe der ek echt wat mear fan genietsje. 

Foto: Mariel Peters Geboortefotografie

‘Yn it sikehûs dêr’t wy kamen, waarden we mei iepen earms ûntfongen. Yn foarpetearen waard ús koart ferteld hoe’t it yn syn wurk gean soe. Under de befalling waard alles noch in kear stap foar stap trochnaam. En doe wie it safier. Ik waard steryl makke en krige wanten oan. It operaasjekleed gie nei ûnderen en de gynekolooch holp my troch myn hannen nei de poppe te begelieden. Sander holp my troch myn holle wat op te tillen, sadat ik ús lytse poppe sjen koe. Ik mocht har ûnder de earmkes fêstpakke en sa koe ik har út myn búk tille. It wie in hiel moai en bysûnder momint. Dat ik har as earste oanreitsje mocht, dat fielde sa spesjaal. Dy earste waarmte, dat glibberige lyfke fol hûdsmar, dat hie ik noch noait field. Se mocht in skoftke by my lizze en letter kaam se by Sander ûnder in waarmtetekken. Wy hawwe it belibbe as in prachtige start mei syn trijen, mei it hiele operaasjeteam om ús hinne.’ 

Mear oer de MAC 

De ôfkoarting MAC stiet foar Maternal Assisted C-section, oftewol de moeder-geassisteerde keizersnede. Dy metoade fan befallen waard yn 2017 yntrodusearrre yn Nederlân, troch Koen Deurloo yn sikehûs Diakonessenhuis yn Utert. Net elkenien komt yn oanmerking foar sa’n spesjale keizersneed. In keizersneed is in swiere operaasje. Wolst as mem sels helpe de poppe út ’e búk te tillen, dan moatte alle omstannichheden goed wêze en meie der gjin komplikaasjes wêze by de operaasje. Net alle sikehuzen yn Fryslân biede in MAC oan. Lit dy foarôf dus goed ynformearje. 

Skriuwer: Thea van der Schaaf

Angst voor de bevalling, het mag er zijn

Bevalangst. Tien tot vijftien procent van de zwangere vrouwen heeft er last van. En toch is het geen item in de samenleving en ook niet altijd bij de verloskundige. Annemieke Stellingwerf, werkzaam bij Verloskundigenpraktijk Wolkom, wil daar verandering in brengen en begeleidt vrouwen die bang zijn om te bevallen.

doula

Bevallen met een doula

Zelf zag ze best wel tegen haar eerste bevalling op. Mensen om haar heen susten haar destijds een beetje: ‘Dat kun je wel Olga, geen zorgen, komt goed.’ Maar de bevalling overviel haar en ze wist niet wat er met haar lichaam gebeurde. Daardoor kwam Olga in de vechtstand. ‘Ik werkte mijn lichaam tegen. Ik had veel meer op mijn lichaam mogen vertrouwen, dat weet namelijk precies wat het moet doen tijdens een bevalling.’ Twaalf jaar later en drie jongens verder is Olga ter Hart doula (spreek uit als: ‘doela’) en begeleidt zij vrouwen en partners voor, tijdens en na de bevalling.

De befalling fan Dieuwke

Yn de lêste heit&mem stiet Dieuwke van der Meer – Posthumus út Winsum noch mei har prachtige dikke búk. Se wie dêr 25 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje. Yntusken is se op 28 febrewaris 2018 befallen fan soan Jilles Hylke.

De befalling fan Marije

Yn de lêste heit&mem stiet Marije Steen út Froubuorren noch mei har prachtige dikke búk. Se wie dêr 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje. Yntusken is se op 13 febrewaris befallen fan dochter Joanna Ytsje.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #2

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
Folle mei hertferwaarmjende ferhalen foar alle heiten, memmen en opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier 👶👧🧒

Yn dit nûmer:

❄️ In moaie wintergelok-poster om út te knippen
🏡 Ynterviews mei bern út Gytsjerk – oprjocht, grappich en ferrassend
💞 Bonusâlders anno 2025, hoe giet dat?
❤️ Oer hoe’t Naomi in twadde thús fynt by in steungesin
🎨 Ynterview mei berneboeke-skriuwster Mirjam van Houten
🎣 Ynstjoerde foto’s fan fiskjende bern
🚂 Gesellige útstapkes yn Fryslân fan Kidsproof
👶 Oer hoe’t je mei in ‘moeder-geassisteerde keizersnede’ sels dyn poppe út de búk tille kinst
🫄🫄 Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
💊 Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat?
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
🎨 Nifelje mei boekelizzers – kreative knutselwurkjes fan Cheryl
📚 De nijste en moaiste Fryske berneboeken!

En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!

Bekijk magazine