Yn de lêste heit&mem stiet Dieuwke van der Meer – Posthumus út Winsum noch mei har prachtige dikke búk. Se wie dêr 25 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje. Yntusken is se op 28 febrewaris 2018 befallen fan soan Jilles Hylke.
Hoe gie de befalling?
Op tiisdei 27 febrewaris begongen jûns de weeën. Om 12 oere nachts ha wy ús fiifjierrige dochter fan bêd helle en nei de buorlju brocht. Se fûn it sa spannend. Wy binne doe mei de ferloskundige nei it sikehûs fan Snits gongen. Se hawwe dêr nije keamers mei in dûs en dy mocht ik fansels even útprobearje. Ik koe ûnder de dûs better de weeën opfange as yn bêd, dus bin ik ûnder de dûs stean bleaun. Om’t ik by ús dochter in keizersneed hân ha, moast ik in ctg-bân om. Yn Snits ha se no in triedleaze fariant wêr mei ik ûnder de dûs koe. Ideaal! Yn de kâldste nacht sûnt tiden, om 05:01 is ús jonkje berne. Hoe’t ik my fielde? Ik wie stoned fan gelok.
Seis jier lyn wie alles oars. De befalling ha ik doe behoarlik as traumatysk ûnderfûn en ha der ek nei de tiid in protte lêst fan hân. No ha ik dêr in protte petearen oer hân mei de ferloskundigen en mei de minsken fan it sikehûs. Doe is besletten dat myn eigen ferloskundige mei nei it sikehûs gong. Dat wie bûten it protokol om. Mar wat wie ik dêr bliid mei. Se sette my sa yn myn krêft. Eins fyn ik dat eltse frou in begeliedster mei ûnderfining konstant yn de buert ha moat. Lykas in ferloskundige of in doula. Dat kin in protte ferskil meitsje. Want in befalling is net niks. Ik bin myn ferloskundige(n) noch elke dei tankber.
Hoe giet it mei Jilles?
Jilles is in hearlik relekst mantsje. Hiel tefreden. Hy begjint no hieltyd mear te laitsjen en lûdsjes te meitsjen en dat is sa hearlik om nei te sjen. Echt genietsje. Maaike, syn grutte sus, is ek hielendal fereale op him. Se wol ‘m altyd nei skoaltiid even op skoat, oerladet him mei tútsjes en krûpkes en is hiel soarchsum.
Hoe fielst dy sels?
Best wol hiel goed eins. Gelokkich en hiel tankber. Ik besef mar al te goed watfoar in wûnder sa’n popke is en dat it ek hiel oars gean kin. En elke dei fiel ik my wer wat sterker. Ik sjoch út nei it moaie waar en dat ik wer wat mear bewege kin sadat ik ek lichaamlik wer lekker fit wurd.
En? Wurdt Jilles oerladen mei kadootsjes?

Haha, wy ha yndie op it bertekaartsje stean: ‘Kadootsjes? Net nedich, wy binne al sa ryk bedield.’ Want echt, wy hawwe alles al wat wy nedich hawwe. Mar minsken fine it lestich om mei lege hânen oan te kommen. En dat begryp ik best. It is ek sa leuk om wat leuks te keapjen en te jaan. Guon losse it op troch in kadobon, in dinerbon, in eigen makke kadootsje of iten mei te nimmen. Hartstikke leuk. Mar it bliuwt in feit wat op it kaartsje stiet. It grutste geskink ha wy al krigen, want wat binne wy dochs wiis mei ús Jilles.
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie
Yn ferwachting Baukje Snieder
Baukje Snieder is ynterieurstyliste/ûntwerpster en dosint op de oplieding Styling Design by Firda. Dêrneist stekt sy in soad tiid yn it dielen oer har wurk en libben op Instagram (@baukjesnieder), mei mear as 20.000 folgers! Sy is no 19 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.
De befalling fan Marije
Yn de lêste heit&mem stiet Marije Steen út Froubuorren noch mei har prachtige dikke búk. Se wie dêr 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje. Yntusken is se op 13 febrewaris befallen fan dochter Joanna Ytsje.
Nieuw: Een moeder-geassisteerde keizersnede
Stel, do kinst net op in natuerlike wize befalle en der moat in keizersneed dien wurde. Dan is der no de mooglikheid om dóchs sels dyn berntsje op ’e wrâld te helpen. Mei in moeder-geassisteerde keizersnede, ôfkoarte as MAC, meist as mem sels de poppe út ’e búk tille, mei help fan de gynekolooch. Yn Fryslân is dat noch net yn alle sikehuzen mooglik, mar dochs binne der hieltyd mear Fryske âlders dy’t dêrfoar kieze. Twa fan harren dienen har ferhaal foar heit&mem.


