Neikommerkes: Anja
Kinne de bern har einliks rêde, sitte je wer yn ’e ruften. In neikommerke: lêst of lêste kâns?
‘Ik woe altyd in grut gesin. Us tredde bern is krekt foar de berte stoarn. Dêrnei wie ’t tige spannend om wer bern te krijen. Dochs krigen wy noch in fjirden en alles gie goed. De lytskes waarden grut, mar ik winske stikem noch in lytse poppe. Omdat ik âlder waard en it sa dochs ek moai wie, besleat ik it dêrby te litten.
En doe waard ik op myn fjirtichste swier fan ’e fyfde! It moast sa wêze! Ik bin der sa wiis mei en it hâldt ús jong, sa’n lyts mantsje.
De âldste betocht syn namme: Ties. Wy ha der Jits oan tafoege as twadde namme. Sa hat er deselde inisjalen as Tinke Jasmijn, syn ferstoarne suske. Boppedat bestiet de namme Jits út alle foarletters fan syn bruorren en susters. Ties is ek echt in ferbinende faktor wurden. As der ien thúskomt, smyt hy of sy de rêchsek yn ’e hoeke en freget daliks: “Wêr is Ties?!”
Wy dogge de opfieding en it húshâlden mei syn allen. Myn man en ik hawwe drokke banen en de bern ha ek fan alles by de ein, mar der is altiten ien dy’t foar Ties soargje kin. Dat jout in folslein oare dynamyk as by de âldere bern. De fakânsjes binne foar ús tige wichtich. En mei syn allen oan tafel. Ties bringt safolle fleur en libbenens mei. Ik hoopje dat dat sa bliuwt en dat de bern troch him nei hús kommen bliuwe.
En tsja, Ties wurdt betsjinne. As er deryn komt, ropt er: “Ik wol alles!” Dan giet er derfan út dat alle oanwêzigen fuort foar him yn ’t spier geane. Hy libbet ek yn in grutteminskewrâld. Dêrom besykje ik bewust lytsebernedingen mei him te dwaan. Nei bygelyks in bernefoarstelling of it swimbad.
De omjouwing wie o sa meilibjend doe’t wy de swangerskip oankundigen. Dat hie ek mei ús skiednis te krijgen. Se binne bliid mei ús gelok.’
Skriuwer: Janna van der Meer
Fotografie: Hippe Kiek Fotografie
Bertefotografy: emoasjes yn byld
Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.
Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske
Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.
Sa lêze wy: Eke en Doete
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
Panorama
We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?