Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders dy fiele mear foar ien grut kreamfeest; in poppeslokparty! Hoe’st dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy tsien tips!
1. Utnûgings
Wa wolst graach dat der allegear op jim kreamfeest komme? Allinne famylje en freonen of ek kollega’s? It handichst is om de útnûging fuortendalik mei it bertekaartsje te ferstjoeren. Lit de misken harren by jim oanmelde as se komme sille, sadatsto witst hoefolle minsken ast ferwachtsje kinst. It is skande ast tefolle iten en drinken ynslein hast. Ferjit net ek in eintiid op de útnoeging te setten, want moatst net ferjitte datst dan noch kreamfrou bist!
2. Lokaasje
Hast thús de romte? En hast de enerzjy en de mooglikheid om it ien en oar sels ta te rieden wat it iten en drinken oanbelanget? Dan kinst de poppeslokparty lekker thús hâlde. Sa hast alles by de hân. Ast der net al te folle drokte fan ha wolst, kinst ek it feest yn in sealtsje of in restaurant hâlde.
3. De oanklaaing
Fansels meie wat slingers en ballonnen net ûntbrekke op de poppeslokparty. Wolst der wat mear wurk oan besteegje, dan kinst der ek in tema oanhingje. Foar ynspiraasje kinst even op Pinterest sjen.
4. De lytse poppe
Fansels komt de besite om jim poppe te besjen. Mar foar in lytse poppe jout in kreamfeest in protte yndrukken. Nim dêrom ien momint om de poppe oan de kreambesite sjen te litten. Nim de poppe yn dyn earms en gean efkes de besite bydel en lis him of har dêrnei wêr op in rêstich plakje of lit de poppe lekker by dy yn de draachdoek. Fiel dy net skuldich ast ‘nee’ sizze moatst as de besite freget om de poppe fêst te hâlden. Der komme letter noch genôch mominten wannear as dat wol kin.
5. In plakje foar bern
As der in protte bern op dyn poppeslokparty komme, kin it handich wêze dat se harren eigen romte ha. Sa kinne se harren lekker útlibje, drave en gek dwaan en de heiten en memmen kinne efkes rêstich de kofje opdrinke. Hier in springkessens of grutte baublokken, set in tipi del, of meitsje in leuk nifelhoekje foar de bern.
Vera Groos-Veltman: “Wy ha sels in kreamfeest organisearre foar ús soan Jesse. Wy ha it feest hâlden yn doarpshûs ‘De Wringe’ yn Opeinde. Ik ha tegeare mei ús mem de seal fersiert. Alle snobbesguod en dekoraasje ha ik op it ynternet besteld. Wy hawwe tagelyk mei it bertekaartsje de útnoegings stjoerd. Tink der wol om datst witst hoefolle minsken as der komme sille. By ús kamen in protte net en dus hie fierstente folle spul kocht, dat wie al wat skande. Mar fierder wie it feest mear as slagge!
6. Kreamkadootsjes
Kreambesite wol altyd graach wat meinimme foar de poppe. Do kinst se deryn frijlitte, mar kinst ek in ferlanglistke opstelle. Wolst leaver gjin boartersguod of klean? Tink dan ris oan in eigenmakke bonnenboekje, kreamkost, oppas, húshâldelike help, in fotoshoot, in kadobon of jild foar in goed doel.
7. De hapkes en de drankjes
Kinst fansels de catering sels dwaan mar kinst ek de lokale tsiisboer, bakker of de slager freegje nei wat de mooglikheden binne. En fansels kinst dan ek altyd noch tradisjoniel bak mei mûskes op tafel sette. Alkohol? Ja of nee? Ek dat is ferstannich om efkes mei dyn partner oer te hawwen.
8. De kreamfeestbedankjes
Wannear de poppeslokparty ôfrûn is en do hooplik hielendal yn de wolken bist fan it moaie feest, is it ek leuk om de besite in bedankje mei te jaan nei hûs. Ast wat leuks ynelkoar nifelje wolst, kinst dat fêst yn dyn swangerskipsferlof dwaan. Kinst fansels ek wat bestelle of gewoan it simpel hâlde sa as in sjokolaatsje. Ek ast der foar kiest om gjin kreamfeest te hâlden is sa’n bedankje leuk om oan de kreambesite mei te jaan.
Litst leaver de hiele babyborrel fersoargje troch in oar? Tink dan ris oan:
Eetcafé ‘De twa Gemeenten’ yn Jirnsum
myaculinair.nl út Vegelinsoord
Let’s Party út Oentsjerk
Gezond eten tijdens de kraamweken
At je krekt in poppe krigen hawwe, dan ha je it drok. Drok mei de soarch foar de lytse en it finen fan in ritme, mar dêrneist sliepe je faak net safolle troch de brutsen nachten en dat makket dat je wjerstân yn dy tiid in stik leger is. Dêrby komt dat dyn lichem ek opknappe moat fan in flinke oanslach: in swangerskip en befalling!
Verpleegkundige op de kraamafdeling
Sleutels? Check! Tas? Check! Adressen? Check! Mooi, dan kan ik gaan. Zojuist heb ik samen met de gynaecoloog gekeken naar de hartfilmpjes die de dames van de thuismonitoring hebben ingestuurd. Ze zagen er allemaal prachtig uit! En dus kan ik nu even bij hen thuis kijken.
5 leuke tips voor je geboorteversiering
Hoera! Wanneer jullie zoontje of dochter is geboren wil je dat natuurlijk graag aan iedereen laten weten. Als kersverse ouder ben je natuurlijk super trots op je kindje. Tegenwoordig zijn er verschillende manieren om dit op een leuke en originele manier te tonen. Hieronder zetten we 5 opties voor je op een rij. Het kan ook erg leuk om als kraamcadeau te doen!