Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat men lang tocht. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint, en dyn baby kin op dy manier ek dingen mei dy diele, lykas wat hy allegear sjocht en meimakket! De gebaren binne itselde as by de gebaretaal foar dôven.
Gebaretaal brûke by poppen hat in protte foardielen:
- It is geselliger yn ’e hûs: babys en pjutten hawwe minder lêst fan driftbuien at de âlden se begripe. Omdat se harren better uterje kinne, is der minder frustraasje.
- Bern leare earder te praten; trochdat se earder ferbannen lizze tusken wurden, gebaren en kontekst.
- De wurdskat fan bern wurdt grutter as der mear manieren binne om har te uterjen.
- Boartsjendewei dyn bern kennen leare: bern jouwe mei gebaretaal net allinne oan wat se nedich hawwe, mar meitsje ek harren ynteresses kenber.
- Bern dy’t gebaren brûke, kinne ek kommunisearje mei dôve minsken.
- En it is foaral hiel leuk! (ek foar heit en mem!).
Esther Akkerman-Witvoet: “Wij gebruiken nu 5 jaar gebaren en het werkt fantastisch! Veel meer rust in huis door betere communicatie. (zoon van 5,5 en zoon van 2)”
Femke van der Meer: “Wy binne mei gebaren begûn doe’t ús dochter in healjier wie, en mei sa’n 10 moanne begûn se werom te gebaren. ‘Ite’, ‘drinke’, ‘koese’ en ‘hynder’ wienen har earste gebaren. Yntusken is se al 2 jier en praat se al hiel goed, mar de gebaren brûke wy noch altyd. It is nammentlik hartstikke leuk om te learen en te dwaan, en ek handich om te brûken op drokke feestjes.”
Meer rust en minder frustratie dankzij babygebaren
Veerle (1) zit in de kinderstoel. Ze wijst naar haar oor en kijkt naar buiten. ‘Wat hoor je?’ vraagt haar moeder, ‘hoor je de vogeltjes?’ Het meisje lacht bevestigend en brengt vervolgens haar hand naar haar mond, ze maakt het gebaar voor eten. Het is bijna een echt gesprek, dit babbeltje tussen een kind dat nog niet kan praten en haar moeder. Mogelijk gemaakt door babygebaren.
Fryske berneboeken op tema
Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!