Zoek op inhoud

Nei it grutte sukses fan ferline jier organisearje wy ek dit jier wer de buorkerijmoarn! Sneon 30 maaie binne jim wolkom fan 11.00 oant 12.30 oere yn de Afûkwinkel yn Ljouwert.

Earst wurdt der foarlêzen út ien fan ús buorkerijboeken en dêrnei kinne de bern fan alles dwaan: de ranja-ko melke, in speurtocht troch de winkel dwaan of in parkoers ride mei in trekkerke op it parkearterrein.

Fansels meist dyn overall mei klompen of (skjinne) learzens oanlûke! 🚜

It is fergees!

Komst ek? Meld dy gau oan, want fol = fol!

Oanmelding buorkerijmoarn

Buorkerijmoarn sneon 30 maaie

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.
  • Mei hoefolle komme jimme en hoe âld binne de bern?
sipke ope buorkerij

Resinsje Sipke op ’e buorkerij troch Jacquelien

Wy hawwe mei plezier it boek Sipke op ’e buorkerij lêzen.
Boer Hûn is siik en dus moatte Sipke en pake soargje foar alle bisten en it wurk op ’e buorkerij. Yn it boek lêze wy dat de kij ferweide wurde moatte en se moatte ek molken wurde, en der wurdt sels in kealtsje berne! Genôch aventoeren dy’t Sipke en syn pake belibje en dêr’tsto as pjut en beuker bekend mei rekkest en yn meinommen wurdst. 

Pykje fjouwer en it ferske ‘Simmermoarn’

Hoe moai is it om de bern yn de maitiid it ferske ‘Simmermoarn’ te learen? Sjoch hjir foar de tekst en muzyk.

Boekresinsje fan Hilde: ‘Wekker wurde!’

Foar ús leit in prachtich ‘pop-up’ flapkeboek. It boek sjocht der moai út, it makket ús nijsgjirrich!

Resinsje Boer Boaris troch Jildou Braaksma

Hidde en Tieme hebben net het boek Boer Boaris uitgepakt. Ze zijn beide groot fan van Boer Boaris en we hebben al meerdere delen van de serie in de boekenkast staan. Maar nog geen deel wat geschreven is in het Frysk.