Zoek op inhoud

Boekresinsje fan Hilde: ‘Wekker wurde!’

Foar ús leit in prachtich ‘pop-up’ flapkeboek. It boek sjocht der moai út, it makket ús nijsgjirrich!

It boek giet oer Hepke de hoanne. Hokker bisten makket Hepke allegear wekker? De baarch, de ko, it skiep en kinsto riede wa noch mear? It boek is prachtich yllustrearre mei dúdlike tekeningen yn fleurige kleuren. De flapkes meitsje it in oantreklik foarlêsboek.

Se binne ûnder de yndruk fan de prachtige flapkes en kinne net wachtsje om te sjen wat dêrachter sit.

Ik lês dit boek foar oan ús dochters fan 3 jier en 9 moanne. ‘Wekker wurde!’ bringt de jongste yn ’e kunde mei it ferskaat oan buorkerijbisten. Wa sit der achter it flapke? Wêr hat it bist sliept? Hoe sjocht dat bist derút? En hokker lûd makket it bist? Oan ’e ein fan it ferhaal is ek de boerinne wekker. No kin de dei op de pleats begjinne.

Beide famkes belibje in soad wille oan dit boek. Se binne ûnder de yndruk fan de prachtige flapkes en kinne net wachtsje om te sjen wat dêrachter sit. De flapkes bringe it boek echt ta libben. It boek is hiel geskikt as earste foarlêsboek. Allinnich it besjen fan de flapkes en de moaie plaatsjes makket it boek al in grut sukses.

No’t wy it boek in pear kear lêzen ha, is de tekst al gau bekend by de âldste. Tegearre kinne wy no har lytse suske foarlêze. Foar de âldste betink ik sels noch wat fragen oer it libben op de pleats, dy’t opkomme by it lêzen fan dit boek. Bygelyks: wat soe de boerinne hjoed allegear dwaan? Op dy wize meitsje wy it ynteraktyf en is it ek foar har noch in hiel ynteressant boek.

Koartom: ‘Wekker wurde!’ falt by ús tige yn ’e smaak. It is in hiel geskikt boek foar de allerlytsten, mar mei wat ekstra fantasy is it boek oant in jier as trije ek noch leuk om foar te lêzen en om oer fierder te praten. Ik fyn it in hiel moai foarlêsboek om kado te jaan foar de berte fan in poppe of foar bern yn de leeftiid oant trije jier.

Troch: Hilde van Kalsbeek, Warkum.
(Hilde is lid fan it Afûkboekpanel)

Wekker wurde!

Hepke Hoanne makket elkenien wekker op de buorkerij.
Kinsto him helpe alle bisten te finen?
Tear de flapkes iepen en sjoch wa ‘t der tefoarskyn ‘floept’.
Flapkes en ‘pop-ups’ stimulearje de ynteraksje, it ûnthâld en de ferbylding.

Tomke syn jierdei

De resinsje fan Hilde oer Tomke syn jierdei

De resinsje fan Hilde: It aldermoaiste bisteboek