Zoek op inhoud

In soad minsken hâlde fan de bern fan Grietje en Ellen

Grietje (35) en Ellen (35) hawwe beide in bern fan deselde donorheit. Soan Bram (3) waard droegen troch mem Grietje. Mama Ellen hie harren dochter, lytse poppe Robin (0), njoggen moanne by har. Grietje: ‘Wy hawwe in keningskoppel út twa keizersneden!’

De winsk om mem te wurden wie der al jierren. Yn it begjin gongen de tinzen út nei swanger wurde fia in spermabank. Ellen: ‘Dat is relatief anoniem, wij dachten toen dat dat bij ons paste.’ Mar neffens dat sy it der mear oer hienen, krigen se dochs muoite mei just dat anonime stikje. ‘Ik heb met mijn beide ouders een goede band’, seit Ellen dêroer. ‘Als je weet wie je ouders zijn, dan ken je je geschiedenis.’ Mear en mear skoden de gedachten op nei swanger wurde fia in kunde. De twa hiene in freon yn gedachten, him soene sy it aventoer tabetrouwe.

Ellen: ‘Wij hebben hem uitgenodigd voor een etentje. Hij merkte aan alles dat wij zenuwachtig waren. “Vraag het nou maar gewoon”, zei hij op een bepaald moment. Toen kwam het hoge woord eruit en antwoordde hij met een volmondig “ja!”.’ Mar dêrmei wie it net fuortendaliks klear. Grietje: ‘Bepraat it wol earst goed mei freonen en famylje, drukten wy him op it hert. Syn omjouwing stie achter it plan, mar se advisearren him alles goed fêst te lizzen. Sa kamen wy telâne by in notaris yn Volendam, ien dy’t spesjalisearre is yn dit soarte ôfwikende situaasjes.’

 

Eins hawwe wy him fan jongs ôf oan dúdlik makke wa’t syn heit is.

 ‘Bram praat thús wol oer de heiten fan de bern op it bernedeiferbliuw. Dat is foar ús in moai momint om yn te heakjen op it ûnderwerp. Eins hawwe wy him fan jongs ôf oan dúdlik makke wa’t syn heit is.’ Want hoewol net juridysk, de heit spilet al in rol yn it libben fan de bern. ‘Hy komt hjir noch altyd gewoan as freon. Syn âlders, de pake en beppe fan ús bern, binne ek gek op Bram en Robin. Op dizze manier hawwe ús bern noch mear minsken om harren hinne dy’t fan harren hâlde.’

Tekst: Tialda Hoogeveen
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Lok en leed: Moniek beviel tijdens de uitvaart van haar vader

Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.

Hoe is it om pleechbern te hawwen?

ADHD, hoe sit dat eins?

Ferrassing foar de famylje Brouwer

Mei in jonge fan 16 en in famke fan 14 jier âld wie harren gesin kompleet. Sa tochten Minke en Eelco. Boppedat hie Minke in stjurringssykte (stollingsziekte). Dêrtroch hie se faak bliedingen en moast se geregeld nei it sikehûs. De arts tocht dat it goed wêze soe as har memmeskurte fuorthelle waard. Op dy operaasje wie Minke har emosjoneel oan it tarieden. En doe bliek se swier te wêzen.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2019 #2
Bekijk magazine