Zoek op inhoud

Boekresinsje fan Gerbrich: Goeiemoarn!

It boek Goeiemoarn! is in waarme, fleurige start fan ’e dei foar lytse bern én harren âlden. It ferhaal giet oer it libben fan in lyts berntsje – mei alle moaie, gewoane mominten fan in bernedei. Fan ’t bêd komme, oanklaaie, yn bad, ite, boartsje mei knuffels en popkes, en bûtendoar boartsje – alles komt op in leaflike en werkenbere manier foarby.

Wat it boek sa spesjaal makket, binne de prachtige plaatsjes fol kleur en detail. Elk bledsje is in ûntdekkingstocht: it berntsje wurdt begelaat troch in leave, sêfte poes en hy nimt de teddybear oeral mei hinne. Bern sjogge harren eigen wrâld werom yn it ferhaal: it bêd, de pyama, it bad en de tún. Dêrtroch falt it boek tige yn ’e smaak by ús thús.

De rymkes yn Goeiemoarn! binne koart en ritmysk, hiel geskikt foar jonge bern. Se binne maklik te ûnthâlden en hearlik om foar te lêzen. 

It boek bringt net allinnich wille, mar ek rêst en rûtine yn de moarn. Wy lêze it graach nei it moarnsiten of foar’t wy nei bûten geane. Dêrneist is it in moaie manier om op in natuerlike wize Frysk mei dyn bern te praten, sels ast dat thús net altyd dochst.

Goeiemoarn! is in leaf, foarlêsfreonlik boek dat hiel goed past by de wrâld fan jonge bern. In echte oanrieder!

Groetnis Fetze en Gerbrich

Goeiemoarn!

Sân rymkes foar lytskes oer iten, lêzen, sliepen en oare werkenbere mominten troch de dei hinne.

In skattich kartonboekje mei yllustraasjes fan Marijke Klompmaker.


Goeiemoarn! is ek ûnderdiel fan it nije Taalkado.

Kinderrijmpjes en -liedjes helpen bij het leren van taal

‘Suze nane poppe…’ Grote kans dat je dit liedje vroeger veel hebt gehoord als je met het Fries bent opgegroeid. En grote kans dat je jezelf dit liedje ook weer hoort zingen zodra je zelf een kindje krijgt. Wiegeliedjes en rijmpjes die je in je jeugd vaak hebt gehoord, zullen voor altijd in je hoofd gegrift staan.

Baby’s houden van lezen

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.

Jip (7) bijna blind maar niet minder optimistisch

Jip (7) is bijna blind. Daarnaast ademt hij door een canule en krijgt hij zijn voedsel toegediend via een maagsonde. Toch gaat hij naar een reguliere school in het dorp. Moeder Natalie: ‘Hij is erg slim en maakt heel makkelijk contact.’

Ken jij de 20-20-2 regel?

Wist je dat 1 op de 5 peuters al meer dan drie uur achter een scherm zit? Het is natuurlijk ook wel een heerlijk gemakkelijke oppas, zo’n schermpje. Maar toch zouden we ermee moeten oppassen. Al zou het alleen maar zijn omdat een kind bijziend kan worden doordat het te lang naar een smartphone of tablet staart.